Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kepp.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Polityk: st/red
Rigel 19:
 
=== Polityk ===
Nei syn stúdzjetiid fêstige Troelstra him as adfokaatadvokaat yn Ljouwert. Hy waard yn [[1890]] lid fan de [[Fryske Folkspartij]], mar kaam nei in lange twastriid ta de konklúzje him alhiel oan de sosjalistyske beweging te wijen. Hy ferhûzeferhuze yn [[1893]] nei Hollân. Yn 1894 stie Pieter Jelles Troelstra mei in tal oaren ('de tolve apostels') oan de widze fan de [[Sosjaal Demokratyske Arbeiders Partij]] (SDAP) en yn [[1897]] kaam hy foar dy partij yn de [[Twadde Keamer]]. Dêr toande hy him in fûleindich antyanti-monargist. Hy hope dat de monargy mei Wilhelmina útstjerre soe. Doe't yn 1909 de lettere keninginne Juliana berne waard seach er syn hope op in republyk yn reek opgean. Hy begûn him wer oan de literatuer te wijen en publisearre yn datselde jier syn ferneamde dichtbondel ''Rispinge'', in bondel dy't yn in tiid fan moralistyske dichtkeunst opfoel troch de iepenens en it persoanlike karakter fan de ferzenfersen.
 
Net allinne troch syn politike aktiviteiten, mar ek troch syn rol as adfokaatadvokaat fan de bruorren Hogerhuis (de [[Hogerhuissaak]]) waard Troelstra nei [[1897]] ferneamd yn hiel Nederlân. It proses tsjin de trije fan in rôfoerfal beskuldige bruorren, dy't altyd folhâlden hawwe ûnskuldich te wêzen, krige yn dy tiid in protte omtinken en waard yn de sosjalistyske beweging sjoen as ûnsoarchfâldich.
 
It houlik tusken Pieter Jelles Troelstra en Sjoukje Bokma de Boer rûn nei ferrin fan tiid op'e non en waard yn [[1907]] offisjeel ûntbûn, werneiwêrnei't Troelstra op'e nij troude, mei Sjoukje Oosterbaan.
 
=== Troelstra's "fersin" ===