Bonifatius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
 
[[Ofbyld:Bonifatiusstatue Fulda.jpg|thumb|right|Stânbyld fan Bonifatius yn [[Fulda]].]]
== Muonts ==
Bonifatius waard as ''Wynfrith'' berne yn in begoedige, mooglik aadlike, famylje, neffens de tradysje yn Crediton yn [[Devon]]. Yn [[685]] waard er tabetroud oan it Benediktynske kleaster fan [[Exeter]]. Dernei waard er muonts yn it Benediktynske kleaster fan [[Nursling]], en doe't er 30 jier âld wie prester. Hy waard learaar oan de kleasterskoalle, dêr't er stikken oer de grammatika skreau, en ek inkelde gedichten.
 
Rigel 8:
Yn 715 of 716 begûn er oan in sindingsekspedysje nei Fryslân. Om't syn [[Angelsaksysk]] foar de Friezen fersteanber wêze soe, tocht er dat syn kânsen om de Friezen ta in oar leauwen te bringen better wêze soenen as dy fan minsken út it suden. Mar it gebiet wie nei de dea fan de Frankyske [[Pippyn II]] yn oarloch, en de ynspannings fan Wynfrith hienen gjin sukses. Nei in jier kaam er werom nei Nursling, dêr't er ta abt keazen waard.
 
== Bonifatius ==
Yn [[718]] gong Wynfrith nei Rome dêr't er yn [[719]] fan paus [[Gregorius II]] de opdracht krige ta evangelisaasje-wurk yn Beieren, Túringen, Hessen en Fryslân en de reorganisaasje fan de tsjerke dêr. Fan him krige er ek de namme ''Bonifatius'', ''bringer fan it goede''. Fiif jier wie er aktyf yn Hessen en Túringen. Syn oanpak wie it ferneatigjen fan hillige bylden en tempels fan de ynwenners. Yn [[721]] besocht er ek [[Willibrord]], dêr't er mooglik mei gearwurke hat yn Fryslân besuden de Ryn. Op [[30 novimber]] [[722]] waard er biskop makke oer de gebieten dêr't er aktyf yn wie.
 
Rigel 21:
Yn [[754]] gong er as in âld man werom nei de Friezen, om te dwaan wat him earder net slagge wie: it bekearen fan de Friezen ta it Kristendom. Hy doopte in grut tal fan Friezen, mar doe't er net fier fan [[Dokkum]] minsken oproppen hie ta in gearkomste, waard er dêr deade, tegearre mei mear as fyftich selskipslju. Hy waard byset yn de Sint-Salvatortsjerke yn Utert en waard letter oerbrocht nei it kleaster Fulda. In [[relikwy]] fan Bonifatius wurdt bewarre yn [[Eibingen]].
 
== Hillige ==
Bonifatius waard al fluch as in hillige sjoen, mar de befêstiging dêrfan kaam earst op [[11 juny]] [[1874]] doe't er trocht Paus [[Pius IX]] kanonisearre waard. Syn Roomske nammedei is [[5 juny]], syn Otterdokse nammedei is [[19 desimber]]. Elts jier komt de Dútske konferinsje fan biskoppen gear by it grêf fan Bonifatius. Yn Dokkum waard, mooglik troch [[Liudger]], in tsjerke wijd oan Bonifatius, dêr't letter in Augustynsk kleaster by stifte waard. De Bonifatiusboarne, op it plak dêr't Bonifatius neffens oerlevering ferstoarn is, is in beafeartsplak wurden. Mei troch [[Titus Brandsma]] waard hjir de Bonifatiuskapelle boud. Sûnt [[1956]] is Dokkum it offisjele beafeartsplak fan it bisdom Grins. Yn [[1962]] waard yn Dokkum in stânbyld foar Bonifatius oprjochte.
 
== Literatuer ==
* B. Jongma, ''De H. Bonifatius - syn libben en syn wirk'', Ljouwert 1938
* Akky van der Veer, ''Bonifatius en syn tiid'', Ljouwert 2004, ISBN 90-5615-088-X
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/18/ Bonifatius yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]