Fjoerstien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
st.
Rigel 5:
De stien wurdt ''fjoerstien'' neamd fanwege har eigenskippen. As mei dizze stien tsjin in stik [[Izer (metaal)|izer]] slein wurdt, springe der fonken ôf, dêr't maklik fjoer mei makke wurde kin, bygelyks as ien der in droech brânber stik materiaal tsjinoan hâldt (lykas in pluske katoen of droech mosk). De fûnken ûntsteane troch lytse izerdieltjes dy't spontaan yn de loft [[oksidaasje|oksidearje]] wêrby in soad waarmte frij komt sadat de dieltsjes gloeien geane.
 
Yn [[prehistoarje|prehistoaryske]] tiden (de [[stientiid]]) makken minsken lykas de [[Neandertaler]]s en de [[Kro-Magnonminsk]] by foarkar stiennen gebrûksfoarwerpen fan fjoerstien, bygelyks [[skraperskrabber]]s, [[pylkpunt]]en, [[bile]]n en [[kling]]en .
 
De âldens fan fjoerstiennen foarwerpen kin skatten wurde oan de mjitte fan ferfining fan de technyk dy't brûkt is by it meitsjen. Omdat de fjoerstiennen gebrûksfoarwerpen net fergean kinne binne sy njonken al dan net bewurke bonken de ienige spoaren dy't wy hawwe fan de prehistoaryske minsk.