Tristan da Cunha (ûntdekkingsreizger): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
opmaak , red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Hanno.cunha.jpg|thumb|225px|''Tristão da Cunha [[Bazel (Switserlân)|Bazel]] 1575, gravuere'']]
[[Ofbyld:Hanno.mahout.jpg|thumb|200px|left225px|''De Ynjeske oaljefant ''Hanno'''']]
'''Tristão da Cunha''' somsbetiden ek stavere as '''Tristão d'Acunha''' of '''Tristan da Cunha''' (sirka [[1460]] — sa. [[1540]]), wie in [[Portugal|Portugeesk]] admiraal en ûntdekkingsreizger.
 
Yn [[1506]] hie Tristão da Cunha de lieding oer in ekspedysje dy't as doel hie de Portugeeske oerhearsking yn [[Aazje]] en [[Afrika]] te fersterkjen. Silend nei [[Kaap de Goeie Hope]], wie er, nei [[Brazylje]] oandien te hawwen, fierstente fier nei it suden trochsetten. Earst nei't de bemanningen mei beferzen teannen kamen te sitten ferlei er de koers nei it noardeasten. Sa kaam it dat er tafallich in eilannegroep yn it suden fan de [[Atlantyske Oseaan]] ûntduts; de grutste neamde er nei himsels: [[Tristan da Cunha]] (1506), 2816 km. fan Súd-Afrika ôf. Hy lâne dêr net om't de see te ûnrêstich wie.
 
Nei dizze ûntdekking farde Cunha nei [[Madagaskar]], brocht in besite oan [[Mozambyk]], [[Barawa|Brava]] (wêrdêr't er de Arabieren in gefoelige klap tabrocht). Dêrnei waard [[Sokotra]] ferovere. Fan dêrút gie it op [[Yndia]] oan, dêr't Cunha in tal militêre aksjes útfierde.
 
Yn 1514 wie Tristão da Cunha lieder fan in misje nei [[paus Leo X]], dy't geunstich stimd wurde moast fanwege oanspraken dy't Portegal makke op de [[Molukken]]. De paus krige eksoatyske bisten út Yndia fan him as presint, ûnder oaren in oaljefant mei de namme [[Hanno (oaljefant)|''Hanno.'']]