Morse-alfabet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Carsrac (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
Op it stuit is der in ynternasjonaal standertalfabet, mar der hawwe ferskate fan sokke alfabetten west:
* It oarspronklike morse-afabet fan [[Alfred Vail]], út [[1838]]. Vail syn alfabetten wienen opboud mei acht sinjalen: Letters wienen opboud út stip, streekje, streek, langstreek en oerslaan, en trije mear wienen nedich om tekst oer te stjoeren: sinjaalein, letterein en wurdein. Dêrby hienen guon letters deselde koade: j = g, y = i, v = l, s = z.
* Vail syn eigen oanpassing dêrfan yn [[184341844]]; de earste koade dy't praktysk brûkt waard. Dêrby brûkte er deselde sinjalen, mar de measte letters krigen in oare koade, wat ûnder oaren it resultaat hie dat de koade krekt wat flugger wie. Oant de earste helte fan de 20e ieu wie dit it offisjele morse-alfabet foar de [[Feriene Steaten]].
* De oanpassing fan [[Frederik Clemens Gerke]], doe't de tillegraaf fan Morse yn [[1847]] yn [[Hamburch]] yn [[Dútslân]] introdusearre waard. Hy brocht it tal mooglike sinjalen werom nei fiif: stip en en streek as boustienen fan de letters, plus signaalein, letterein en wurdein. Dit makke de kombinaasjes langer, mar makke it stjoeren en lêzen fan de koade makliker. By Gerke hienen allinnich de I en J deselde koade.
* Oare, ûnôfhinklike oanpassings fan Vail syn koade yn oare staten fan it Dútske Bûn, wat tillegrafy tusken Dútske steaten net makliker makke.