Pelota: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Pelota''' ([[Baskysk]] en [[Katalaansk]]: ''Pilota '', Frânsk: ''Pelote'' fan it [[Latynsk]]e ''Pila'') is in [[balsport]] besibbe oan it [[keatsen]] dy't yn ferskillende variantenfarianten spile wurdt yn [[Baskelân]] en [[Katalûnje]], mar wêrfan yn [[Midden-Amearika]] al troch de Maja, Asteken en Tolteken in soartgelyk spul spile waard ûnder de namme [[Nahuatl]] (Asteeksk).
 
ResintelikDe lêste jierren binne der inisjativen om, foar it ûntwikkeljen fan mear ynternasjonale kompetysje, te kommen ta in beheind tal foarmen mei likense regels en materiaal.
 
==Baskysk Pelota==
It spul wurdt spile mei hurde massive gummybal. Dêrby wurdt de bal mei de bleate han (''Pelota mano'') as mei in want (''Pelota Vasca'') yn ien-tsjin-ien as mei meardere spilers ôfwikseljend tsjin de frontmuorre slein. De keatsbaan is ôfhinklik fan de variantfariant dy't spile wurdt, tusken de 35 oant 60 meter lang en oant 15 meter breed. It fjild wurdt oan trije kanten begrinzge troch stiennen muorren. De telling liket in soad op dy fan it Fryske keatsspul en tennis. Yn 'e regel wint it partoer dat as earste 22 punten hellet.
 
De want by Pelota Vasca hat him yn ferskillende regio's ferskillend ûntwikkele. Fan in ienfâldich slachhout (''Pala'') ta de meast ekstreme foarm, de Cesta, in flochten healrûne ferlinging fan de earm wêryn de bal opfongen wurdt en yn deselde beweging mei hege snelheid wer nei de muorre slingere wurdt. Mei dat materiaal is yn AmerikaAmearika it saneamde [[Jai-alai]] ûnstien, de [[balsport]] wêrby de ballen de heechste snelheid helje (oant boppe de 300km yn it oere).
 
==Falensiaansk Pelota==
It meast kenmerkendekenmerkjende oan it Falensiaansk ''pilota'' is dat it altyd spile wurdt mei de bleate hân (dy 't lykwols meast wol mei plakteep mei dêrûnder tinne stikjes karton beskerme wurdt.) Oer it algemien wurdt der ek net tsjin in muorre spile mar lykas by it spul yn it âlde [[Grikelân]] en it tsjintwurdige [[tennis]] steane de spilers tsjinoerinoartsjin inoar oer, wêrby it fjild opdield is troch in line of in net. In oar yn it each rinnend detail is dat de taskôgers har yn it fjild befine.
 
Falensiaansk ''pilota'' kin spile wurde op strjitte of yn spesjale kaatshallen, trinkets neamd, dy't dêr yn in grut ferskaat oan maten binne.