Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Fersiik
Rigel 1:
De '''klavesimbel''' is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.
TJa ballen hur e läget
 
== Toanfoarming ==
De klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in tûnge fan lear omheech dy't de snaar poant. By it loslitten fan de toets komt der in filtsje del op de snaar om dy te dôvjen. Dat is lykwols wat in kompromy: it filtsje kin de snaar mar in bitsje dôvje, mar as de snaar net dôve wurde moat, moat de toets hiel de tiid omleech holden wurde.
 
Fan it trochklinken waard gebrûk makke, mei it ynskowen fan ferskate materialen foar it dôvjen; registers dy't it lûd fan de snaren feroaren. Guon klavesimbels wienen dûbel útfierd, mei twa klavieren en mei snaren foar elts klavier, dat ferskate registers trochelkoar brûkt wurde koenen.
 
== Skiednis ==
De klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Ytaalje. Yn de 17e ieu wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, fermaard om de klavesimbels dy't dêr bout waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt.
 
De klavesimbel en de [[klavikort]] wienen de foarrinners fan de [[piano]], dy't yn de [[18e ieu]] it plak fan toetsynstrumint opeaske.
 
Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spyle waard, wurde der ek wer klavesimbels bout en spyle. Dêrby is it hjoeddeiske klavesimbel in fierder-ûntwikkele ynstrumint, mei ûnder oaren in wat krêftiger lûd.