Albert Plesman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tikflaterkes
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
[[Ofbyld:Albert Plesman 03.jpg|thumb|right|''Búste fan Albert Plesman op [[Skiphol]].'']] [[Ofbyld:Beeld van Albert Plesman aan de Plesmanweg Den Haag.JPG|thumb|right|''Stânbyld fan Albert Plesman, fan [[Mari Andriessen]], by it eardere KLM-haadkantoar oan de Plesmanwei yn Den Haach.'']]
'''Albert Plesman''' ([[Den Haach]], [[7 septimber]] [[1889]] – dêre, [[31 desimber]] [[1953]]) wie in [[Nederlân]]sk [[loftfeartpionier]] en meioprjochter fan de [[Keninklike Loftfeart Maatskippij|KLM]].
 
Hy waard berne as soan fan in aaihanneler út Den Haach. Op skoalle foel Plesman al op troch syn earsucht, kriich en belangstelling foar [[wiskunde]], natuerwittenskip en [[sport]]. In man dy't wist wat er woe, lykwols ek ûnbûchsem en in stiifkop neffens guonts.
 
Yn [[1915]] wie er as beropsoffisier legere yn [[Soesterberch]] dêr't de ''militaire luchtvaartafdeling'' (LuVA) doe har basis hie. Hy helle dêr ek yn [[1918]] syn militêre [[fleanbrevet]]. Plesman fernaam al rilke gaurillegau dat er dochs mear in sakeman as fleander wie.
 
== Oprjochting KLM==
Nei de [[Earste Wrâldkriich]] wie er mei-organisator fan de [[ELTA]], de ''Eerste Luchtvaart Tentoonstelling Amsterdam'', dy't fan 1 augustus oant 15 septimber [[1919]] hâlden waard en dêr't leafst 800.000 minsken op ôf kamen. Foar de útstalling wiene mânske hallen boud, dy't nei it evenemint troch [[Anthony Fokker]] waarden brûkt waarden foar syn lettere bedriuw, [[Fokker (bedriuw)|Fokker]] fleanmasinefabryk te Amsterdam-noard.
 
Op 17 oktober [[1919]] hat soks ek mei laat ta de oprjochting fan de fennoatskip ''Koninklijke Luchtvaart-Maatschappij voor Nederland en Koloniën'' ([[Keninklike Loftfeart Maatskippij|KLM]]), dêr't Plesman direkteur fan waard. Nei de[[Twadde Wrâldkriich]] waard Plesman beneamd ta presidint-direkteur fan de KLM. Hy makke der in florearjend bedriuw fan mei ynternasjonale alluere. Plesman pleite om'e nocht foar it ferpleatsen fan [[Lofthaven Skiphol|Skiphol]] nei in plak yn de omkriten fan [[Burgerveen]].<br />
mei ynternasjonale alluere. Plesman pleitte om'e nocht foar it ferpleatsen fan [[Lofthaven Skiphol|Skiphol]] nei in plak yn'e omkriten fan [[Burgerveen]].<br />
 
Syn fertsjinsten foar de ynternasjonale [[boargerloftfeart]] waarden postúm beleanebeleanne yn [[1959]] mei de earste [[Edward Warner]]-medalje.
 
== Nyenrode ==
Yn 1942 wie Plesman finzene yn [[Skeveningen]] en tocht nei oer de takomst. "Jongens van Energie, Kennis en Daad" soene tige nedich wêze foar de weropbou fan it lân. Mei op Plesmans inisjatyf waard koart nei de oarloch kastiel [[Nyenrode]] yn [[Breukelen (Utert)|Breukelen]] hierd fan de widdo Goudstikker en koe de earste [[business school]] fan Nederlân yn it neijier fan [[1946]] iepene wurde troch [[Prins Bernhard]].
 
== De Rânestêd ==
Albert Plesman wie de betinker fan de namme [[Rânestêd]]. It ferhaal wol dat dat barde doe't er socht nei in gaadlike lokaasje foar in nasjonale [[loftthaven]]. Fleanend boppe it westen fan Nederlân seach er ''een ring van steden aan de rand van een grote groene ruimte'', dy't er letter Rânestêd neamde.
 
== Hûshâlding ==
Line 25 ⟶ 24:
Hans Plesman (J.C) (1918-1949) makke as reserve luitenant yn de maaiedagen fan 1940 de measte operasjonele fleanoeren yn in [[Fokker DXXI]] en krige dêrfoar de [[Brûnzen Liuw]]. Hy ferûngelokke as KLM gesachfierder fan de [[Lockheed Constellation]] "Roermond" op 23 juny 1949 yn see by [[Bari (stêd)|Bari]], Itaalje.
 
Jan Plesman (1919-1944) waard [[Ingelânfarder]] en waard wol ‘De'De Fleanende Hollanner’Hollanner' neamd; hy flechte yn 1940 mei syn freon, twadde luitenant by de LuVA Geert Overgaauw. Op de fyts gie it troch [[Belgje]], [[Frankryk]] en [[Spanje]] nei [[Portugal]]. Dêrwei fleagen se yn in [[Douglas DC3|DC3]] nei [[Bristol (stêd)|Bristol]] en waard Jan [[Supermarine Spitfire|Spitfire]]-piloat. Op 23 desimber 1941 makke er syn earste solo-flecht. Op 1 septimber 1944 waard Jan mei syn 'Spitfire' fan it ''322 Dutch Squadron RAF'' troch de [[Luftwaffe]] delsketten, wierskynlik noardeastlik fan [[Saint Omer]]. Hy is nea weromfûn en wurdt betocht yn it ''Air Forces Memorial'' yn [[Runnymede]]. Hy waard ûnderskieden mei it [[Krús fan FertsjinstFertsjinste (Nederlân)|Krús fan FertsjinstFertsjinste]] en it Frânske [[Croix de Guerre (Frankryk)|Oarlochskrús]].
 
Appie Plesman (1922) wennet yn [[Rome]]. Pia Plesman (1924-2000) troude op 'e nij mei F. Smithuysen.
 
 
[[Kategory:Loftfeart|Plesman, Albert]]