Amelânske Daam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
t.
Aliter (oerlis | bydragen)
L konsekwint
Rigel 1:
De '''Amelânske DamDaam''' wie de damdaam dy't fan [[1872]] oant [[1882]] fan [[Holwert]] nei [[Bueren]] op [[it Amelân]] rûn.
 
Yn [[1840]] waard der útsteld in damdaam oan te lizzen fan it Amelân nei de fêste wâl. It Amelân waard troch de [[Slinke]] hast yn twaen brutsen, dat no wie it idee om lân te winnen op it [[waad]], en dêrtroch de [[Waadsee]] swakker te meitsjen. Dat soe it gefaar foar it eilân dan keare. Lykwols is dy damdaam net oanlein, om't dy trije meter boppe heech wetter wêze moast om oan it doel te foldwaan.
 
Yn [[1871]] en [[1872]] waard oer de [[gearslach]] in oare damdaam oanlein, troch de Maatskippij ta Lânoanwinning op it Fryske Waad. [[Fryslân]] en [[Nederlân]] betellen beide 200.000 gûne. Om't it doel wie lân oan te winnen waard de damdaam net breed boud; de kop wie net breder as 60 sm. Dêrby wie it in ebbedaam; by heech wetter stie der 50 sm wetter oer de damdaam.
 
De damdaam wie lykwols gjin sukses; in pear wiken letter sloech in stoarm al gatten yn de damdaam, en de damdaam moast troch de jierren faker reparearre wurde. Nei de stoarmen fan de winter fan [[1881]]/[[1882]] besleat de maatskippij lykwols dat de trochgeande reparaasjes te djoer wienen, en joech er de see en wyn wer it frij spul. Parten fan de damdaam binne hieltyd noch sichtber. Ek is de feardaam fan Holwert bout op de ein fan de Amelânske DamDaam. Hjoed de dei leit de gearslach lykwols fierder nei it easten.
 
By de plannen ta ôfslúting fan de Waadsee út de fyftiger jierren fan de 20e ieu, waard ek rekken holden mei in damdaam nei it Amelân. Dy plannen binne lykwols net útfierd.