Westergoa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
 
Aliter (oerlis | bydragen)
Gjin Bredebroek
Rigel 1:
'''Westergoa''' wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje [[Fryslân]] leinen. Letter wie it ien fan de trije [[goa]]en, fan Fryslân.
breedenbroek
 
== Gebiet ==
Oan de eastkant wie Westergoa begrinze troch de [[Middelsee]] mei oan de oare kant [[Eastergoa]]. Súdliker wie de grins oarspronklik mei [[Bornegoa]] likernôch in line fan de [[Terhernster Mar]] nei it súden nei de kust, de eastgrins fan [[Doedingwerstal]]. Alle oare grinzen wienen de kusten.
 
== 1200 ==
Westergoa wie om 1200 hinne opdield yn [[Fiifdielen|Frjentsjer]], [[Wildinge]] en [[Wymbrits (lân)|Wymbrits]]. Frjentsjer en Wildinge hawwe mogelijk it oarspronklike Westergoa west, dêr't Wymbrits by kaam doe't yn de rin fan de [[12e ieu]] [[Sudergoa]] as ienheid ferdwûn.
 
Fan Frjentsjer waard de opsplitsing yn de [[Fiifdielen|Fiif dielen]] al yn de 13e ieu sa wichtich dat de namme "Frjentsjer" foar it lân oan de ein fan dy al net mear brûkt waard.
 
== 1500 ==
Om 1500 hinne wie [[it Bilt]] yn it noarden by Westergoa kaam, mar troch de oprjochting fan de [[Sânwâlden]] wie it [[Gaasterlân]], [[Doanjewerstal]] en [[Lemsterlân]] yn it suden kwytrekke. Fierders wienen út it gebiet fan Westergoa acht stêden opkaam. Harns en Frjentsjer wienen op kaam yn it gebiet fan de Fiifdielen. Boalsert wie opkaam oan de eastkant fan Wildinge, no [[Wûnseradiel]], en de súdpunt wie [[Warkum]] en [[Hylpen]] wurden. De rest fan Wymbrits wie ta trije stêden en 6 parten útelkoar fallen. [[Starum]], [[Snits]] en [[Drylts]] wienen selstanniche stêden wurden, mar de seis parten hienen per slot de twa grietenijen fan [[Wymbritseradiel]] en [[Himmelumer Aldeferd]] (en Noardwâlde) foarme.