Wilhelmina fan de Nederlannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 8:
 
Op [[31 augustus]] [[1898]] waard Wilhelmina yn de Nije Tsjerke yn [[Amsterdam]] ynhuldige. Yn [[1901]] troude sy mei [[Prins Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], harren houlik wie net lokkich en it duorre in skoft foardat sy in bern krigen. De berte fan harren ienichste bern [[Juliana fan Nederlân|Juliana]] waard ek eins net mear ferwachte.
 
Hja die har wurk mei tawijing en toant har yn de Earste Wrâldoarloch in striidbere 'soldatekeninginne', dy't geregeld by de troepen yn it fjild komt te sjen. Troch har gedrach sjocht se yn novimber 1918 kâns in troch sosjalistenlieder Pieter Jelles Troelstra ferwachte revolúsje te foarkommen. Yn de Twadde Wrâldoarloch fêstigt se har yn Londen en besiket fan dêrút troch útstjoerings fan Radio Oranje betrouwen yn de befrijing oer te bringen. Se hat ek komntakten mei fersetsstriders en Ingelânfarders (ferzetsminsken dy't nei Ingelân oerstekke.).
 
Wilhelmina die yn 1948 nei fiiftich jier ôfstân fan de troan, en luts har wêrom op it [[Paleis it Loo]]. Op [[28 novimber]] [[1962]] ferstoar Wilhelmina en waard bysetten yn it famyljegrêf yn de Nije Tsjerke yn [[Delft]].