Elias Annes Borger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
ferw.
Rigel 6:
Borger troude yn [[1814]] mei jonkfrou Abrahamina van der Meulen, de suster fan in Amsterdamske predikant. In jier letter stoar hja yn it kreambêd. Yn [[1819]] troude hy opnij, diskear mei jonkfrou Cornelia Scheltema. Begjin [[1820]] stoar hja ek yn it kreambêd, tagelyk mei de lytse poppe. Hjirtroch rekke Borger yn in swiere depresje, wêrby't hy allinnich mar by syn dierbere ferstoarnen wêze woe. Acht moanne nei de dea fan syn twadde frou stoar Borger, 36 jier âld. Hy waard begroeven yn [[Katwyk]].
 
As neitins oan Borger is der in skoalle en ek in Scoutinggroep ([[De Borgergroep]]) nei him neamd. De Borgerskoalle is in protestantske basisskoalle op De Jouwer. Boarger syn namme en syn gedicht "Aan den Rhijn" yn de maitiid fan [[1820]] binne troch [[Nicolaas Beets|Hildebrand]] yn syn [[Camera Obscura]] ferivige. Yn it opstel "De familie Stastok" wurdt Borger syn stik troch frou Dorbeen net botte súksesfol foardroegen.
 
== Wurken ==