Haadmenu iepenje

Changes

1.008 bytes added ,  10 jier lyn
no edit summary
{{Wurk}}
De '''skiednis fan Sina''' is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de [[Grutte Oseaan]], oan de westkant it [[Tibetaanske heechberchtme]], en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km inde woastyn[[Gobywoastyn]]. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.
 
==Prehistoarje==
=== Iere beskavingen ===
De earste [[neololitikumNeolitikum|neolityske]] beskaving fan Sina wurdt troch argeologen de [[Jang-sjau-kultuer]] neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere ''"hege löss-flakten"'' yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansi, Sjensi en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de [[barch]] en de [[hûn]] domestisearre.
De skiednis fan Sina is hiel bot beynfloede troch de geografyske lizzing fan it lân. As in grutte oaze is it lân fan alle kanten omsletten troch natuerlike grinzen. Ten easten en ten suden leit de Grutte Oseaan, oan de westkant it Tibetaanske heechberchtme, en yn it noarden oer in lingte fan 1600 km in woastyn. Der binne wol tagongswegen, mar relatyf sjoen leit Sina frij isolearre fan ynfloeden fan bûten. Lykwols is it ien fan de plakken op ierde dêr't de sivilisaasje útein sette.
 
De earste [[neololitikum|neolityske]] beskaving fan Sina wurdt troch argeologen de [[Jang-sjau-kultuer]] neamd. Sy wienen de earste lânbouwers en wennen yn in goardel fan east nei west ferspraat oer it meast súdlik lizzende diel fan de fruchtbere ''"hege löss-flakten"'' yn de tsjintwurdige provinsjes Sjansi, Sjensi en Kansoe. Sy beskikten al oer klean fan jute of syde, as ek oer alderlei soarten ierdewurken potten, beskildere of bewurke mei flechtwurk en hienen de [[barch]] en de [[hûn]] domestisearre.
 
De folgjende fase is neamd nei [[Loen-sjan]], it plak dêr't as earste fynsten dyn binne fan dizze typyske kultuer. It skiep en rûnderen waard domestisearre en de ferbou fan [[rys]] dy syn yntree. Troch de fynsten fan ferskate soarten grêven docht bliken dat harren kultuer al sosjaal differentisearre wie. De Ljoe-sjan kultuer wurdt derom ek wol sjoen as de basis fan de earste histoaryske beskaving fan de Sina, dy fan de [[Sjang]].
 
==De earste hearskers==
Al ridlik gau ferienet it lân himsels en ûntjout him op it mêd fan [[keunst]] en [[wittenskip]]. Yn de [[14e ieu f.Kr.]] wie der op de grins fan it berchlân en Noardsineeske leechflakte in sintrum fan Sineeske beskaving, behearske troch de [[Sjang]]-foarsten, dy't yn de 11e ieu f.Kr. ûnderwurpen waarden troch de [[Tsjow]]. De Tsjow (oant en mei [[256 f.Kr.]]) wienen de opfolgers fan de Sjang en har dynasty giet foarôf oan de [[Tjin]]-dynasty. De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina.
De Sjang-beskaving bestie neffens de tradisjonele tiidsberekkening tusken [[1766 f.Kr]] oant [[1122 f.Kr.]]. De ierste stedssintra dy't typearjend foar it Sjangtiidrek binne, lizzen yn it Lo-bekken, in fruchtber gebiet yn it uterste easten fan de Löss-flakten dat troch de sydrivieren fan de [[Giele Rivier]] fan wetter foarsjen wurdt. Efterienfoljend hawwe sân stêden haadstêd west, dêr't [[Jin]] de lêste en grutste fan wie (1384 f.Kr.-1122 f.Kr.). De Sjang brûkten in tekensysteem dat sjoen wurdt as de foarrinner fan it lettere Sineeske skrift.
 
It keninklik hof foarme it sintrum fan de Sjang-beskaving en troch him waarden militêre ekspedysjes hâlden, dêr't de Sjang-kultuer oer it Noardsineeske leech troch waard ferspried. Lykwols wie it gebiet dêr't troch de Sjang-foarsten effektyf politike macht útoefene waard nei gedachten lytser. De grinsgebieten stienen ûnder it bewâld fan lokale hearskers, dêr't ien fan him tsjin de Sjang kearde.
 
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen.
 
Al ridlik gau ferienet it lân himsels en ûntjout him op it mêd fan [[keunst]] en [[wittenskip]]. Yn de [[14e ieu f.Kr.]] wie der op de grins fan it berchlân en Noardsineeske leechflakte in sintrum fan Sineeske beskaving, behearske troch de [[Sjang]]-foarsten,hearskers dy't yn de 11e ieu f.Kr. ûnderwurpen waarden troch de [[Tsjow]]. De Tsjow (oant en mei [[256 f.Kr.]]) wienen de opfolgers fan de Sjang en har dynasty giet foarôf oan de [[Tjin]]-dynasty. De Tsjow-dynasty hâlde langer stân as alle oare dynastyen yn de skiednis fan Sina.
 
==It tiidrek fan de keizerriken==
Yn [[221 f.Kr.]] ûnderwurp de kening fan de Tjin alle doedestiidse steaten yn Sina en naam de titel fan ''hwang-ti'', keizer oan. Neidat yn [[208 f.Kr.]] oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut de Hantiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]]. Mar nei in grutte boereopstân fan de saneamde [[Gielmutsen]] (ein [[2e ieu]] en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat fan de Han yn trije riken útinoar. Pas yn [[589]] waard Sina opnij werienige ûnder de [[Swei-dynasty]] dy't yn [[618]] ferfongen waard troch de [[T'ang-dynasty]] (oant [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.
 
Yn [[907]] foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn [[975]] wer feriene waard troch de earste keizer fan de [[Soeng-dynasty]]. Yn [[1276]] waard hiel Sina oerweldige troch in folk fan nomaden, de [[Mongoalen]] dy't Sina feriene en de [[Juan-dynasty]] festige. Under har bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger [[Marko Polo]] Sina. Yn [[1368]] waard de [[Ming-dynasty]] stiften. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal [[Zheng He]] sânris nei lannen om de [[Yndyske Oseaan]], wêrfan trije kear nei de eastkust fan [[Afrika]], mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint.
 
==De moderne tiid==
Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. Jeropa waard konkurrint fan Aazje op it mêd fan [[wittenskip]] en [[technology]]. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa.
[[Ofbyld:Mao portrait.jpg|thumb|''Mao Zedong'']]
19.889

edits