Krúsbrekken: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
L fan de earm, net fan de dyk |
||
Rigel 3:
De Krúsbrekken wurde foarme troch de krúsing fan de [[Tersoalster Sylroede]] en de [[Bangafeart]] mei de ferbining tusken de [[Flânsumer Feart]] en de eardere [[Tersoalster Opfeart]] en [[Mûntsjefeart]]. It krúspunt leit likernôch op <nowiki>53°3'40''N - 5°45'40''E</nowiki>.
De namme tsjut oan dat it wetter mooglik ûnstean is by in trochbrek fan in dyk, wat dan de [[Griene Dyk]] west hawwe moat. It wiidste part fan de Krúsbrekken is lykwols de eastlike earm, dy't likernôch mei de dyk parallel rint. Troch de oerhearkjende westewyn kalvet de wâl oan de eastkant
Earder kaam ek de [[Sâlte Grêft]] út yn de Krúsbrekken. Hjoed de dei binne alle útgongen ôfslette of ferdwûn, útsein de noard-súdferbining troch de Bangafeart en de Tersoalster Sylroede. Dy ferbining is ek part fan de rûte fan [[De Krite troch]]. It part fan de Krúsbrekken tusken de Sâlte Grêft en de Flânsumer Feart is part fan de grins fan de [[himrik]] fan [[Jirnsum]].
|