Operaasje Market Garden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
→‎Ferrin: ferw.
Rigel 5:
 
== Ferrin ==
Operaasje Market Garden begûn op [[17 septimber]] [[1944]]. De 101 UAirborne divyzje fleach de súdlike rûte, de 82 Airborne divyzje en de Earste Britske loftlâningsdivyzje fleagen de noardlike rûte. As begelieding fleagen 371 [[Supermarine Spitfire|Spitfires]], [[Hawker Tempest|Tempest]] en [[De Havilland Mosquito|Mosquitos]] mei. Op de súdlike rûte fleagen 548 Thunderbolts[[P-48 Thunderbolt]]s, [[Lockheed P-38 Lightning|Lightnings]] en [[P-51 Mustang|Mustangs]] mei de transportfleantugen mei. Foar de wissichheid waard it Dútske loftdoelgeskut oanfallen troch 212 Thunderbolts. Tagelyk bombardearren 48 Mitchells[[B-25 Mitchell]]s en 24 Bostons militêre ynstallaasjes by Nijmegen, Deelen, Ede en Kleve. Op de earste dei wie der hast gjin Dútsk ferset, allinnich by Eindhoven kaam de [[Luftwaffe]] yn aksje.
[[Ofbyld:Market-Garden - Karte Plan.png|thumb|left|250px|Plan fan oanfal.]]
Op [[18 septimber]] waard Einhoven troch de 101 Airborne divyzje befrijd. It Dútske tsjinoffensyf begûn ek op dizze dei. By Son begjinne de alliearden mei it bouwen fan in Bailey-brêge en op 19 septimber is de brêge klear. Oant en mei Grave wienen alle brêgen beset mar yn Nijmegen stûke de alliearde opmars. Yn Arnhim slagge it de Britten net op by de brêge te kommen troch heftich Dútsk ferset. De jûns bombardearje de Dútsers Eindhoven.