Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wer even oan wurke
→‎De Tsjow: lienstelsel
Rigel 14:
 
===De Tsjow===
Yn de [[11e ieu f.Kr.]] foelen de [[Tsjow]] fanút it noarden oan en rukten op nei de haadstêd dy't troch har ferovere waard. It soe noch wol in ieu doarre foardat sy al it gebiet fan de Sjang-hearskers foarfêst yn hannen hienen. It sintrum fan har macht kaam te lizzen by de stêd [[Lo-jang]] dy't troch har stiften waard. Yn polityk en kultureel opsicht wienen sy de erfgenamten fan de Sjing. Harren grutste fernijing wie de yntroduksje fan it [[lienstelsel]]. Troch in systeem fan machtsdelegearing hienen de keningen fan de Tsjow in better grip op de grutte befolking as deharren Sjangfoargongers. Ferwanten en eallju krigen stikken lân bûten it keninklik domein tabediele sadat mear as 40 mei de Tsjow ferbûne fasaalsteaten ûntstienen.
 
De iere oarde fan de Tsjow hat oant [[771 f.Kr.]] doarre, dat jier waard de Tsjow kening yn it westen ferslaggen troch nomadyske stammen en rekken har âlde wengebieten yn it Kung-chung-gebiet kwyt. It keninklik domein ferlear in grut part fan har gebiet en de haadstêd Lo-jang har politike gewicht. Stadichoan foel de politike en militêre macht yn hannen fan wichtige regionale foarsten dy't it meastepart fan de fasaalsteaten fan de Tsjow ferneatigen en har lân ynnommen. Grutte politike en kulturele feroarings hâlden plak en de kaart fan Sina feroare yngripend. Ut oerbleaune dokuminten docht bliken dat in protte nije stêden boud waarden en oanhâlden kriich fiere waard tusken de steaten ûnderinoar, dêr't massaal slachtoffers by foelen. Lykwols wie der yn dizze ûnrêstige tiden in eksplosive technologyske foarútgong, in grutte befolkingsgroei en ferskine de earste echte Sineeske filosofen as [[Konfusius]] en [[Tao]].