Skiednis fan Sina: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎De Tsjow: lienstelsel
oan wurke
Rigel 25:
Neidat in oantal jierren nei it ferstoarn fan Kwin Sy Hwangty oeral opstannen útbrutsen, brocht [[Lioe Tji]] yn [[208 f.Kr.]] as earste keizer fan de nije [[Han]]-dynasty frede. Ut dizze tiid datearret de grutste útwreiding fan Sina: nei it westen tsjin de ynfallende [[nomaden]]stammen út Sintraal-Aazje, nei it suden yn it tsjintwurdige Sina besuden de rivier de [[Jang-tse]] oant en mei it tsjinwurdige [[Fietnam]]. De Hantiid stiet bekend as ien fan de bloeiperioaden út de Sineeske skiednis en is opdield yn in westlik tiidrek (oant [[9|9 n.Kr.]] en in westlik tiidrek (9-[[220|220 n.Kr.]] troch it ferplakken fan de haadstêd fan it westen nei easten. It [[Konfusianisme]] waard yn dy tiid de offisjele godstsjinst, de [[Sineense Muorre]] kaam ôf. Nei it westen ûntstie de [[syderûte]] en yn [[105]] die [[Kai Lun]] syn wichtige ûntdekking fan [[papier]].
 
Yn de rin fan de [[2e ieu]] rekke de hearskippij fan de Han lykwols yn ferfal en nei in grutte boereopstân fan de saneamde [[Gielmutsen]] en inkele paleisrevolúsjes foel de ienheidssteat yn trije riken útinoar. Pas yn [[589]] waard Sina opnij werienige ûnder de [[Swei-dynasty]] dy't yn [[618]] ferfongen waard troch de [[T'angTang-dynasty]] (oant [[907]], dêr't wer in tiidrek fan grutte útwreiding en bloei mei útein sette.
 
It [[boedisme]] hie Sina yn de twadde helte fan de [[1e ieu]] berikt, mar fûn pas gruttere útwreiding yn de ieuwen fan politike ferdieldheid. Under keizer [[Taizu]] (386-409) waard it ta steatsgodstsjinst fan Sina
 
Yn [[907]] foel Sina wer yn lytse steatsjes útein oant it yn [[975]] wer feriene waard troch de earste keizer fan de [[Soeng-dynasty]]. YnUnder [[1276]]dizze waarddynasty hielgong Sinait oerweldigede trochSinezen wer in folkskoft fanlang nomaden,foar de [[Mongoalen]]wyn. dy'tDe Sinaekonomy ferienebloeide en de [[Juan-dynasty]]befolking festigeferdûbele oant sa'n 100 miljoen ynwenners. UnderMar harek bewâldoan besochtdat tiidrek kaam wer in ein, want yn de Italjaanskerin ûntdekkingsreizgerfan de [[Marko12e Poloieu]] kaam it noardlike part fan Sina. Ynyn hannen fan de [[1368Jin]]-dynasty waardôfkomstich deút [[Ming-dynastyMantsjoerije]] stiften.dy't Tusken[[Beijing]] 1405ta enhaadstêd 1433makken. It fearsuden Admiraalbleau [[Zhengûnder He]]bewâld sânrisfan neide lannenSong omoant deyn [[Yndyske Oseaan1276]], wêrfanhiel trijeSina kearoerweldige neiwaard detroch eastkustin folk fan nomaden, de [[AfrikaMongoalen]], meardy't asSina 100feriene jier foardaten de Jeropeanen[[Juan-dynasty]] útein(1279-1368) setten mei de kolonisaasje fan it kontinintfestige.
De grûnlizzer fan dizze dynasty wie de freesde foarst [[Djenghiz Kaan]]. Yn betreklik koarte tiid wist dizze in enoarm grut gebiet ûnder syn bewâld te krijen. It omfieme it tsjintwurdige [[Mongoalje]], Noard-Sina, [[Sintraal-Aazje]] en Súd-Ruslân oant en mei de grinzen fan it Arabyske [[Abassiden]]ryk. Syn opfolgers foegen letter noch parten fan it Midden-Easten en fan East-Jeropa der oan ta. De wichtichste keizer fan dizze dynasty wie [[Kubilai Kaan]] (1215-1294). Hy brocht soarge foar frede yn it hiele ryk en de ekonomy bloeide wer op. Keunst en kultuer krigen wer kâns ta ûntwikkeling te kommen. Skilderkeunst, de keramyk en de literatuer berikten nije hichten. Under syn bewâld besocht de Italjaanske ûntdekkingsreizger [[Marko Polo]] Sina.
 
De lêste Juan-keizer waard yn [[1368]] ferdreaun troch [[Hongwu]] dy't de [[Ming-dynasty]] stifte. Under dizze dynasty die Sina begjin [[15e ieu]] in goai nei wrâldhearskippij. Tusken 1405 en 1433 fear Admiraal [[Zheng He]] sânris nei lannen om de [[Yndyske Oseaan]], wêrfan trije kear nei de eastkust fan [[Afrika]], mear as 100 jier foardat de Jeropeanen útein setten mei de kolonisaasje fan it kontinint. Mar dizze besiking bruts ôf wêrnei in tiidrek fan isolemint folge.
 
==De moderne tiid==
Krekt doe't der út Jeropa wei mear omtinken kaam foar Aziatyske kultueren, stûke de kultuergroei yn Sina. It Ming-ryk wie oer har hichtepunt hinne. De lêste Mingkeizers wienen meastentiids swak en net tsjinsteande de Sineeske Muorre hie it lijen fan Mongoalske strooptochten en fanút see makken Japanske en Sineeske piraten de lange kuststripe ûnfeilich. Jeropa waard stadichoan konkurrint fan Aazje op it mêd fan [[wittenskip]] en [[technology]]. LangYn om[[1631]] letbrocht moastin Sinagrutte folksopstân romtein jaanein oan itde ymperialistyskeMing Jeropaen de heal nomadyske Mantsjoes soenen mei har stamlieder [[Nurhachy]] de lêste dynasty fan Sina stiften.
 
Under de earste trije keizers fan de [[Mantsjoe-dynasty]] (1644-1912) hearske trochgongs frede, rust en wolfeart yn Sina. Neffens skattingen wie de befolking ein [[18e ieu]] waakse oant 330 miljoen. It [[kristendom]] berike Sina, mar krige gjin fêste fuot. Om 1700 wiene der lykwols al 300.000 bekearlingen, mar omdat de ferskate kristlike oarden ûnder inoar hieltyd spul hienen, waard it leauwen yn [[1721]] troch de keizer ferbean en alle misjonarissen moasten it lân ferlitte. De Sinezen woenen alle Jeropeanen bûten de doar hâlde en yn [[1757]] waard ek bepale dat Jeropeeske hannelslju allinnich noch mar de súdlike havenstêd [[Kanton]] oandwaan mochten. Lang om let moast Sina romte jaan oan it ymperialistyske Jeropa yn de [[19e ieu]] doe't it yntern ferskoarre rekke
troch opstannen en de ekonomy ynstoarte. Yn [[1894]] rekke it yn kriich mei [[Japan]]. De Japanske striidkreften wiene folle better útresten as de Sineeske en Sina late in ferpletterjende nederlaach. It moast Korea en Taiwan oan Japan ôfstean.
 
[[Ofbyld:Mao portrait.jpg|thumb|''Mao Zedong'']]
Mei de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der noch gjin frede yn Sina. De [[kommunisme|kommunisten]] fochten tsjin de [[Kwomintang]] yn de [[Sineeske Boargerkriich]] dy't de kommunisten yn 1949 wûnen. Sûnttiids is Sina in kommunistysk lân mei [[Mao Zedong]] as lieder fan de [[Kommunistyske Partij fan Sina]].