De Pomp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
oanf. en st., rûnom wei
Rigel 12:
'''Kollumerpomp''' ek wol koartwei '''De Pomp''' neamd is ien fan de 12 [[doarp|doarpen]] yn de gemeente [[Kollumerlân]].
 
Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om [[1315]] hinne oanleine âlde dyk dy't yn [[1529]] in slieperdyk waard doe't om it [[Nijkrúslân]] in nije dyk oanlein waard. Dêrnei is der bebouwing kaam yn de buert fan de yn de [[15e ieu]] oanleine dûker yn' e dyk (de [[pomp]]). Kollumerpomp hat hiel lang in buertskipbuorskip west fan [[Kollum]], mar hat tsjintwurdich de status fan doarp. De bebouwing ûnstie yn it begjin benammen oan de súdkant fan de dyk, mar nei de oarloch wreide it doarp him benammen oan de noardkant fan de dyk út.
 
Yn [[1906]] waard yn it doarp in toerleaze [[Griffermearde Tsjerken fan Nederlân|Griffermearde]] tsjerke setten. Yn [[1984]] stifte Frans Lucassen de '[[Russysk Ortodokse Tsjerke]] fan de hillige Panteleimon'. De kapel is yn omboude skuorre (de tsjinsten binne yn it [[Nederlânsk]] en somtiden yn it [[Frysk]]).
 
Op de [[Nije Seedyk|Nije-]] of Bûtendyk stiet it saneamde ''kontribúsjehûske'' dat it wetterskip [[Seediken Kontribúsje Kollumerlân en Nijkrúslân]] dêr yn [[1828]] bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershûske en foar it hâlden fan gearkomsten.
 
It doarp hat ek in út [[1845]] stammende wettermûne, de Westermûne.
 
Krekt boppe Kollumerpomp leit it rekreaasjegebiet [[Kollumeroord]].