Strobosser Trekfeart: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Gerkeskleaster; Swemmer
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 2:
 
==Skiednis==
De Strobosser Trekfeart is yn de jierren [[1654]] - [[1656]] groeven yn opdracht fan it stêdsbestjoer fan Dokkum. Dokkum tocht troch in bettere ferbining oer it wetter mei [[Grins (stêd)|Grins]] mear ferkear fan skippen te lûken. Neist de feart is in [[jaachpaad]] oanlein dêr't de [[hynder]]s rinne koene dy't de [[trekskip]]pen lûke moasten.
 
Troch de hege kosten fan de oanlis fan de feart gie de stêd Dokkum fallyt. It eigendom fan de feart kaam doe yn hannen fan in groep skuldeaskers. Der hawwe jierrenlang in tal tolhuzen oan de feart stien, dy't der foar soargje moasten dat de feart syn sinten opbrocht.