Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
No edit summary
Rigel 1:
'''Aldskou''' (''Nederlânsk: Oude Schouw'') is in [[buorskip]] yn de himrik fan [[Akkrum]], yn de gemeente [[Boarnsterhim]], likernôch healwei tusken Akkrum en [[Jirnsum]].
 
It plak dêr't no Aldskou leit hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fan'e tiid tagong ta [[Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.