Ids Wiersma: ferskil tusken ferzjes

ferw.
(ferw.)
Al hiel lyts dy bliken lyts dat Ids hiel moai tekenje koe. De boppemaster Dijkstra fûn dat Ids bêst skilder wurde koe. Syn âlden doarsten sa'n aventoer net oan en sa waard Ids yn 'e lear dien by de doarpsferver. It blykte dat Ids foar útblonk yn it fine wurk.
 
Yn 1895 gie Ids as ferversfeint nei [[Winaam]]. Dêr stie doe ds. W. Koeze. Syn frou skildere en doe't se Ids syn wurk seagen, stjoerden se dat op nei de doe ferneamde skilders [[Jozef Israëls]] en [[Hendrik WillenWillem Mesdag|Mesdag]]. Dizzen seagen dat der wat yn dy ferversfeint siet.
 
Yn 1898 waard Ids Wiersma ynskreaun by de Tekenakademy yn [[De Haach]]. Letter soe er dêr learaar wurde.
Nei 1929 is er dêr fierder mei gien. Yn tekenings hat er it boerelibben hast dokumintêr fêstlein.
 
Ids Wiersma wurdt wol de ferteller mei de pinne neamd. Hy is beynfloede troch de [[Haachske Skoalle]] en de skilderkeunst yn de 17de ieu.
 
Ids Wiersma ferstoar op 24 augustus 1965 te Dokkum. Hy wenne op dat stuit yn it ferpleechhûs Nij Toutenburg yn [[Noardburgum]].