Knut Hamsun: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: af:Knut Hamsun
letter mear
Rigel 16:
 
Nei de oarloch waard Hamsun in skoft opnaam yn in psychiatryske klinyk om te ûndersykjen oft er net in psychyske sykte hie. Yn febrewaris 1946 konkludearren Gabriel Langfeldt, psychiater, en Ørnulv Ødegård, haadarts, dat Hamsun 'bliuwende ferswakke mentale fermogens' hie. Op basis dêrfan is er doe fierders net ferfolge mar yn [[1948]] feroardiele ta in boete fan 325.000 Noarske kroanen fanwegen [[kollaboraasje]]. Yn heger berop waard dat net oars.
 
== De ynfloed fan Hamsun ==
De ynfloed fan Hamsun op de wrâldliteratuer is enoarm west, te fergelykjen mei dy fan 19e ieuske literêre grutheden as [[ Fjodor Dostojewski]] en [[Henrik Ibsen]]. Gruttte 20e ieuske skriuwers namen him as wichtich foarbyld, sa as [[James Joyce]] (''stream of conciousness''), [[Thomas Mann]], [[Franz Kafka]], France, [[Ernest Hemmingway]], Miller en [[Hermann Hesse]]. Benammen syn iere wurk docht noch hieltyd tige modern oan en wie yn dy tiid sûnder presedint. Guon neame Hamsun de earste moderne skriuwer. Syn ynfloed lit him noch hieltyd jilde oant no ta, it dúdlikst yn [[Skandinaavje]], bygelyks by Christensen en [[Per Olov Enquist]]. Yn [[Noarwegen]] bestiet noch in libbene 'Hamsun-beweging'. Syn hûndertfyftichste bertedei yn 2009 hat in protte omtinken krige.
 
== Bekend wurk ==