Alfred de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af:Alfred die Grote
Rigel 19:
Aelfred herfoarme it leger en fierde ferskate bestjoerlike juridyske fernijings yn dy't it lân te goeden kamen, ek op ekonomysk mêd. Hy ferdielde syn grûngebiet op yn shires (greefskippen) dy't hy ûnder tasicht pleatste fan in ''earl'' (Ald-Ingelsk ''ealdorman'' of '[[eallju|ealman]]'). Hy beneamde ek '[[sheriff]]s' dy't har gesach ter pleatse útoefene moasten. De ''witenagemot'', in gearkomste fan de ryksgrutten, besprutsen de steatssaken en moasten út it neiteam fan Aelfred in kar meitsje foar de opfolging. Hy befoardere it ûnderwiis, ûnder oare troch it stiftsjen fan in ynfloedrike hôfskoalle. Ek op kultureel mêd wie Aelfred aktyf. Al dizze kwaliteiten byinoar besorge him de bynamme ''de Grutte''.
 
De kening sels wurke ek as skriuwer en oersetter. Hy wie ûnder oare mei-oersetter fan ''Cura pastoralis'' fan paus [[paus Gregoarius I|Gregoarius de Grutte]], ''De consolatione philosophiae'' fan [[BoethiusBoëtius]], ''Soliloquies'', ''Confessiones'' fan [[Augustinus]] en ''Historiae Adversus Paganos Libri Septem'' fan [[Orosius]]. In oar wichtich wurk fan syn hân is it wetboek dat troch him opsteld is en dat as earste yn Jeropa yn de folkstaal skreaun waard.
 
[[Kategory:Kening fan Ingelân]]