Hans Falck fan Neurenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf. fan en.
Rigel 9:
Yn Ruslân wie er bekend as '''Ivan Falk''' of '''Johann Falk'''. Hans Falck wurdt it earst yn histoaryske dokuminten neamd yn 1627(!) as ambachtsman by de Moskouske Kanonne Wurkpleats. Fan dat jier ôf oant de lette 50er jierren fan de 17e ieu, wurdt er beskôge as de wichtichste klok- en kanonnemakker út Moskou. Falck hie in offisjeel salaris en krige dêrneist ien kear yn't jier in ‘jefte fan de tsaar’. Hy krige in stiennen wurkpleats wylst de oare metaaljitters it mei in houtenien dwaan moasten. Hans Falk wenne by de hûshâlding fan ''[[Knyaz]]'' Michail Kozlovsky yn de Rozhdestvenskaja Strjitte. Yn april 1641, die er it fersyk oan de tsaar, út namme fan Michail Fjodorovitsj, at dy him net fan in eigen hûshâlding foarsjen koe. Dat soe rillegau barre.
 
De Dútske gelearde en diplomaat[[Adam Olearius]], dy’t yn de 1630er jierren1634/1635 troch Ruslân reizge, neamd Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betuft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck yn steat wie ta it fabrisearjen fan kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene . Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
 
Yn [[1641]] kriget Falck fan Michail Fjodorovitsj de opdracht om in 700[[pûd]] (11,500 kg) swiere klok te jitten foar de ''Dormition'' Katedraal fan it Kremlin, dy’t lykwols tsien jier letter ferbrizelje soe. Yn 1652 krige Falk ferskil fan miening mei guon oare klokmakkers (laad troch Danila Matvejev en Jemelyan Danilov) oer it ranen en opnij jitten fan dizze klok; de rjochtsaak dy't dêr fan kaam hat er ferlern.