Hans Falck fan Neurenberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Yn Ruslân: rûnom fûn
Rigel 11:
De Dútske gelearde en diplomaat[[Adam Olearius]], dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamd Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betuft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck yn steat wie ta it fabrisearjen fan kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene . Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
 
Yn [[1641]] kriget Falck fan Michail Fjodorovitsj de opdracht om in 700[[pûd]] (11,500 kg) swiere klok te jitten foar de ''Dormition'' Katedraal fan it Kremlin, dy’t lykwols tsien jier letter ferbrizelje soe. Yn 1652 krige Falk ferskil fan miening mei guon oare klokmakkers (laad troch Danila Matvejev en JemelyanJemeljan Danilov) oer it ranen en opnij jitten fan dizze klok; de rjochtsaak dy't dêr fan kaam hat er ferlern. De tsaar hat wierskynlik ferfongen troch Jemeljan Danidov (1627) dy't stoar yn de pestepidemy fan simmer 1654.
 
Hans Falk hat mear as 25 jier yn Ruslân wurke. Meast hawwe syn klokken gjin sinjatuer mei krige, dat der kinne mar in minderheid fan syn produsearre work mei wissichheid oan him taskreaun wurde: