Ferskil tusken ferzjes fan "Hans Falck fan Neurenberch"

rûnom fan ynternet
(rûnom fan ynternet)
[[Ofbyld:Klok Surhuzum.JPG|thumb|right|''Klok fan Surhuzum út de jitterij fan Falck'']]
'''Hans Falck fan Neurenberch''' (±1578, nei alle gedachten Neurenberch), wie in ferneamd klokkejitter út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], dy't letter ek yn Ruslân arbeide hat. Hy wie fan Dútsk komôf.
 
== Libben en wurk ==
=== Den Bosch ===
Falck wurke yn de jierren 10 fan de 17e ieu yn Den Bosch. Yn Grinslân hat er yn dy jierren de tsjerken fan [[Gryptsjerk]] (1613!) en [[Breede]] (1615!) fan klokken foarsjoen.
 
===Yn Fryslân===
Hy wurke yn Ljouwert fan ±[[1616]] (dan wurdt er neamd by ûnderhannelings mei in Ljouwerter oer it jitten fan in klok) oant ± [[1634]]. Wis is dat er yn 1619 boarger fan Ljouwert wurden is. Falck hie syn jitterij yn de âlde tsjerke fan [[Nijenhove]] tsjinoer de Jakobyner Tsjerke. Nei syn ferfarren nei [[Moskou]], ±[[1635]] wurdt it bedriuw oernommen troch syn learling [[Jacob Noteman]]. Noteman miende letter te witten dat Falck yn 1645 noch yn libben wie.
Hy wurke yn Ljouwert fan [[1616]] oant [[1634]] (jiertal ûnwis). Doe ferfarde er nei [[Moskou]]. Hy hat foar ferskate tsjerken yn 17e ieusk Fryslân (en dêr bûten) klokken makke, bygelyks de grutte klok fan de [[Aldehou]] yn Ljouwert en de tsjerken fan [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Frjentsjer]], [[Dronryp]], [[Eanjum]] en [[Surhuzum]] hawwe syn klokken.
 
Hy wurke yn Ljouwert fan [[1616]] oant [[1634]] (jiertal ûnwis). Doe ferfarde er nei [[Moskou]]. HyFalck hat foar ferskate tsjerken yn 17e ieusk Fryslân (en dêr bûten) klokken makke, bygelyks de grutte klok fan de [[Aldehou]](6000kg, 1633) yn Ljouwert en de tsjerken fan [[Achlum]], [[Bûtenpost]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Frjentsjer]], [[Dronryp]] (1632), [[Eanjum]] en [[Surhuzum]] hawwe syn klokken.
 
===Yn Ruslân===
De Dútske gelearde en diplomaat[[Adam Olearius]], dy’t yn 1634/1635 troch Ruslân reizge, neamd Falkck yn syn boek ''Beschreibung der muscowitischen und persischen Reise''. Hy seit dat Falck in tige betuft ambachtsman wie út Neurenberch dy’t de Russen leard hat om kanonnen te jitten. Adam Olearius seit ek dat Falck yn steat wie ta it fabrisearjen fan kanonnen dy’t mei 25 pûn buskrût 26 pûn izer ôfsjitte koene . Neffens Olearius wie er dêrtroch yn Hollân al ferneamd wurden.
 
Yn [[1641]] kriget Falck fan Michail Fjodorovitsj de opdracht om in 700 [[pûd]] (11,500 kg) swiere klok te jitten foar de ''Dormition'' Katedraal fan it Kremlin, dy’t lykwols tsien jier letter ferbrizelje soe. Yn 1652 krige Falk ferskil fan miening mei guon oare klokmakkers (laad troch Danila Matvejev en Jemeljan Danilov) oer it ranen en opnij jitten fan dizze klok; de rjochtsaak dy't dêr fan kaam hat er ferlern. De tsaar hat wierskynlik ferfongen troch Jemeljan Danidov (1627) dy't stoar yn de pestepidemy fan simmer 1654.
 
Hans Falk hat mear as 25 jier yn Ruslân wurke. Meast hawwe syn klokken gjin sinjatuer mei krige, dat der kinne mar in minderheid fan syn produsearre work mei wissichheid oan him taskreaun wurde:
84.754

bewurkings