Euregua: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: '''Euregua''' is in selsskippspul dat it midden hâldt tusken in guozzeboerd en triviant. As op in soarte fan rûtekaart kin der troch it smiten mei dobbelstiennen in wei ôflein wurde ...
 
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Euregua.jpg|thumb|right|400px|De foarkant fan de doaze]]
'''Euregua''' is in selsskippspul dat it midden hâldt tusken in guozzeboerd en triviant.
 
As op in soarte fan rûtekaart kin der troch it smiten mei dobbelstiennen in wei ôflein wurde yn [[Fryslân]] of [[Europa]]. Troch it beanderjen fan fragen op kaartjes oer de minderheidstaalgebieten fan de Fryslannen kinne der tegoedkaarten sammele wurde. Wa't de measte punten sammele hat is de winner. It spul kin ek spile wurde mei twatallen. By it spul hearre in pear steapels kaartsjes mei fragen oer de Fryslannen. Fryslannen, omdat der aparte steapels foar [[Sealterlân]] en foar Noard-Fryslân binne. Yn Sealterlân – sa’n fyftich kilometer foarby Nijeskâns – prate noch rûchwei 2.000 minsken (Sealter)Frysk. Yn Noard-Fryslân – ek yn [[Dútslân]], tsjin de Deenske grins oan – binne noch sa’n 10.000 (Noard-)Fryskpraters. Der sitte ek fragen yn it [[Biltsk]], [[Stellingwerfsk]] en [[Hylpers]] yn.
De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, [[geakunde]] en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde [[Europa]] en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten.
 
It spul is makke troch de wurkgroep YKK (Ynternasjonale KontakteKommisje) fan de [[Ried fan de Fryske Beweging]]. Meiwurking is ferliend troch fertsjintwurdigers fan Sealterlân, Noard-Fryslân, De Stellinwarver Schrieversronte, Stichting Ons Bildt en hiel wat oaren út Westerlauwersk Fryslân. It earste eksimplaar fan it selskipspul waard yn novimber 2008 oanbean oan deputearre [[JanneWietske de Vries]] oanbean yn [[Anna Maria van Schurman]] yn [[Frjentsjer]].
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.euregua.com/nijs.html Webstee Euregua]
*[http://www.fryskebeweging.nl/nijs.html Webstee Fryske Beweging]
 
[[Kategory:Boerdspul]]