Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Mysha (oerlis | bydragen)
L in pear skriuwflaterkes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Christthesaviour.jpg|thumb|right|380px|De katedraal yn 1905.]]
[[Image:Moskau_erloeserkathedrale_innen.jpg|thumb|left|De katedraal 2004]]
De '''Kristus-Ferlosserkatedraal''' (Russysk: Храм Христа Спасителя, Chram Chrysta Spasitelja) is in [[Russysk-Otterdoks]] godsgebou oan de rivier de [[Moskwa]], justjes in eintsje westlik fan it [[Kremlin]] yn [[Moskou]], [[Ruslân]].
 
It hjoeddeiske tsjerkegebou is in kopy fan de yn [[1931]], yn opdracht fan [[Stalin]], opblaasde katedraal. Dizze moast ferdwine yn it ramt fan Stalin'sStalins weropbou fan Moskou. Alle godstsjinten wiene troch de Kommunistyske Partij ferbean en sadwaande wie der gjin plak mear foar "nutteleaze" tsjerken en kleasters. Op it lege boustee fan de opblaasde katedraal woe Stalin yn de jierren tritich in ûnbidich heech bouwurk delsette fan wol 315 meter, dêr't boppe-op in 100 meter heech byld fan [[Lenin]] komme moast. Dit moast de einoerwinning fan it Kommunisme symboalisearje. Lykwols koe dit dryste bouplan fan it ''Paleis fan de Sowjets'' sa't it neamd waard, nètnet útfierd wurde om't de ûndergrûn der net gaadlik foar wie. Dat sadwaande hat men fan need mar besletten op dat steed in mânsk gemeentlik swimbad oan te lizzen, dat troch de Moskoviten brûkt is oan 1993 ta.
 
De foarste ferzje fan de katedraal waard boud tusken [[1839]] en [[1883]]. Mei in hichte fan 103 meter wie it troch [[arsjitekt]] Konstantin Thon ûtwurpen gebou it heechste fan Moskou yn dy tiid. De reden fan de bou wie de betinking fan it feit dat de Russyske stêd him ûntdien hie fan it leger fan [[Napoleon Bonaparte]].
 
De bou fan de nije katedraal duorre minder lang;, fan [[1994]] oant en mei [[1997]], hoewol't der oan it ynterieur langer trochwurke is. De katedraal waard op [[19 augustus]] [[2000]] ''wijd''. It grûnoerflak fan it gebou bedraachtis sa'n 9.000 m² en de katedraal jout dêrmei rûmte oan likernôch 10.000 minsken. De kosten fan it projekt wurde rûsd op in US$ 200 miljoen.
 
[[Kategory:Bouwurk]]