Ferskil tusken ferzjes fan "Moarre"

475 bytes grutter ,  11 jier lyn
oanf.
(oanf.)
 
== Namme ==
De namme sil fan "sompich lân" komme. Dit kin strike, want Moarre leit oan de noardkant fan it gebiet tusken [[Eanjum]] en [[Ie]] dat [[De Kolken]] neamd wurdt en earst sa om 1900, troch de wetterstân better te regeljen brûkber makke is. Guon miene dat de plaknammen 'Longonmore' en 'Mure', út de registers fan Kleaster Fulda, Moarre betreffe.
 
== Ferbinings ==
 
== It doarpsbestjoer ==
Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, [[Heemstra]] en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.
 
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|250px|tsjerke fan moarreMoarre]]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] binne fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der ingrutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, neomooglik 16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch Iurien Balthasar út [[Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]].
Oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei lei it kleaster Weerd of Templum Domnini (de Tempel fan God). Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan [[Kleaster Mariëngaard]], mar earst yn [[1401]] is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan [[Dokkum]] út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
 
Neffens de ''Staat van Aanbreng'' fan 1511, it register wêrút de grûnbelêsting opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes west fan Iezumesyl[[Iezumasyl]] hie: Muontsehûs.
 
Yn [[1569]] hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn [[1580]] namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
 
Yn'e 18de ieu stie der neffens J. Stellingwerf noch in gebou mei goatyske merken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
83.792

bewurkings