Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf.
Rigel 20:
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Moarre tsjerke.JPG|right|thumb|250px|tsjerke fan Moarre]]
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] binne fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik 16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]].