Knillesdjip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ik ha der steedhâlder fan makke
Aliter (oerlis | bydragen)
Kolonel der wer byset, om de namme
Rigel 1:
It '''Knillesdjip''' (Ned.:''Kolonelsdiep'' ) is in kanaal tusken de [[Burgumer Mar]] en de Grinslanner grins by [[Strobos]]. It is eins it ferlingde fan it [[Prinses Margrietkanaal]].
 
Oarspronklik rûn it wetter fan de [[Gerben Allesferlaat]] en de hjoeddeiske [[Lauwers]] nei Strobos. Dit âlde stik is foar 1650 oanlein. It wie eartiids troch seis skutslûzenskutsluzen yn stikken ferdield. Sokke stikken hjitte kanaalpanden[[kanaalpand]]en.
 
Wierskynlik is it Knillesdjip om [[1570]] hinne oanlizze litten troch de Spaanske kolonel en steedhâlder [[Caspar de Robles]]. (It wetter hat de Nederlânske namme ek krigen troch dizze kolonel). Dat wie yn detiidde tiid fan de [[Tachtichjierrige oarloch]].
 
Dêrfoar gie de ferbining mei [[Grinslân]] meast oer de [[Waadsee]]. Dan hienen de skippen in soad lêst fan [[wettergeuzen]]. It kanaal rûn fan it Grinslanner [[Briltil]] en [[Niekerk]] nei de Alde Feanster Feart en troch de marren fan [[Oldekerk]] en [[Sibaldebuorren]].