Atlasberchtme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|right|250px|NASA-satellyfoto, mei de hiele Atlas read arseare. It '''Atlasberchte''' (Arabysk: جبال الأطلس) is in [[berch...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 sep 2009 om 22.01

It Atlasberchte (Arabysk: جبال الأطلس) is in berchte yn it noardwesten fan Afrika. It leit te suden fan de westlike Middellânske See en rint fan west nei east troch Marokko, Algerije en Tuneezje.

NASA-satellyfoto, mei de hiele Atlas read arseare.

It berchtme is ûntstean as gefolch fan tektonyske wurking fan de Afrikaanske plaat tsjin de Euraziatyske plaat.

De heechste piken reitsje boppe de 4000 meter en dêr binne guons fan dêr't ek ivige snie op leit.

It gebiet fan de Atlas kin ûnderferdield wurde yn meardere berchtmen. De grutste en wichtichste binne, rûchwei fan west nei east:

It Rifberchte (yn Marokko) wurdt net ta de Atlas rekkene. Op de ôfbylding is dat net goed arseare.

Skygebieten yn de Atlas

Skiednis en Mytology

Homerus und Herodotus, de grykske dichter en histoarikus út de Klassike Aldheid, seagen yn de Atlas de westlike grins fan de destiids bekende wrâld. Neffens de leginde draacht Atlas it himelferwulf op syn skouders en is de grûnlizzer fan it Atlasberchte.