Markus Aurelius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ext:Marcu Uréliu
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: vi:Marcus Aurelius; tekstwiziging
Rigel 3:
'''Markus Aurelius''' ([[26 april]] [[121]] - [[17 maart]] [[180]]) wie in [[List fan Romeinske keizers|Keizer fan Rome]] en regearde oer it [[Romeinske Ryk]] fan [[161]] oant [[180]] en wie de fiifde en lêste fan de [[adoptyfkeizers]]. Hy wie in tige rjochtfeardige en minsklike hearsker dy't lykwols in grut part fan syn regear besteegje moast oan it fieren fan oarloggen oan de grinzen, de wichtigste dêrfan wienen de [[Markomannenoarloch|Markomannenoarloggen]].
 
== Jeugd ==
Markus Aurelius waard yn [[121]] yn [[Rome]] berne as '''Markus Annius Ferus''' en wie in neef fan [[Faustina de Aldere]]. Syn heit kaam ier te ferstjerren en hy waard troch syn pake grutbrocht. Keizer [[Hadrianus]] learde him al jong kennen en wie ûnder de yndruk fan syn dwaan en litten.
 
Doe't hy 15-jier âld wie, regele Hadrianus it sà dat Markus fersein waard oan de dochter fan syn adopsjesoan en takomstige opfolger, [[Aelius]]. Aelius stoar lykwols te gau dat sadwaande moasten syn plannen oanpast wurde. Hadrianus bepaalde yn [[138]], krekt foar syn dea, dat Markus troch syn opfolger, [[Antoninus Pius]] adoptearre wurde moast. [[Lusius Ferus]], de soan fan Aelius, moast dêrby ek adoptearre wurde.
 
Ien jier letter [[139]] krige Markus de titel [[Caesar]] en waard syn fersizzing oan de dochter fan Aelius ûntbûn en nei in arranzjearre fersizzen fersein oan [[Faustina de Jongere]], de dochter fan Antonius Pius. Dit houlik fûn plak yn [[145]]. Sy krigen 13 bern wêrfan't mear as de helt yn'e bernejierren stjerre soe. Lang om let soe mar ien fan syn soannen yn libben bliuwe, dat wie [[Kommodus]]. Yn syn jeugd, mar ek letter doe't er al keizer wie, bestege Markus Aurelius in soad tiid oan de [[filosofy]]stúdzje. Hy wie in oanhinger fan de Stoïsynske lear fan [[Epiktetus]]. Markus waard oplieden yn de filosofy troch [[Apollonius fan Chalchedon]] en yn de [[retorika]] troch [[Fronto]]. Der is in korrespondinsje tusken learling en learmaster Fronto oerlevere en dit jout in goed byld fan Markus syn oplieding.
 
== Keizer ==
Nei de dea fan Antoninus Pius op [[7 maart]] [[161]] krige Markus Aurelius de titel fan [[Augustus (keizer)|Augustus]], (keizer). Syn earste keizerlike died wie om, neffens de wil fan Hadrianus, de keizerlike macht te dielen mei Lusius Ferus.
 
Rigel 23:
Yn [[178]] bruts der wer oarloch út en wer gong Markus Aurelius nei it grinsgebiet.
 
== Dea en opfolging ==
Op [[17 maart]] [[180]] stoar Markus Aurelius, op 59-jierrige leeftyd, ôfmêde troch jierren fan kriich, in natuerlike dea. Hy bruts mei de tradysje fan de [[adoptyfkeizers]] sûnt [[Nerva]] om in kapabele adoptyfsoan as opfolger te beneamen. Syn soan [[Kommodus]] folge him op. De klassike skiedkundigen, lykas yn de [[Historia Augusta]] skreaun, moasten neat hawwe fan [[Kommodus]]. Neffens harren optyk wie de beneaming fan syn eigen soan as opfolger de grutste misslach fan de oars sa wize Markus Aurelius. Mei de dea fan dizze keizer kaam ek in ein oan de ''gouden ieu'' fan it [[Romeinske Ryk|Ympearium]]. Troch de opfolgers fan Markus Aurelius soe it ryk hieltyd mear ferwurde ta in ûnbidich strang regele militêre [[diktatuer]].</br>
 
== Sjoch ek ==
*[[Ta eis heauton]] better bekend as ''Meditaties''
*[http://el.wikisource.org/wiki/Marcus_Aurelius fragmint út "Ta eis heauton"]
Rigel 36:
 
 
[[kategoryKategory:Romeinske keizer]]
 
[[an:Marco Aurelio]]
Rigel 74:
[[lv:Marks Aurēlijs]]
[[mr:मार्कस ऑरेलियस]]
[[no:Marcus Aurelius]]
[[nl:Marcus Aurelius]]
[[no:Marcus Aurelius]]
[[oc:Marc Aurèli]]
[[pl:Marek Aureliusz]]
Rigel 92:
[[tr:Marcus Aurelius]]
[[uk:Марк Аврелій]]
[[vi:Marcus Aurelius]]
[[zh:馬爾庫斯·奧列里烏斯]]