Aasterein: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
lizzing
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieTerschelling.png|thumb|right|200px|'' Aasterein op Skylge'']]
'''Aasterein''' (''Oosterend; [[Aastersk]]: Aastrein'') is in doarp op [[Skylge]]. Op 1 jannewaris 2005 hie it doarp 121 ynwenners (Boarne: Gemeentegids Skylge, 2005 - 2006).
Aasterein is it meast eastlike doarp op Skylge en leit dêrtroch ek it tichtst by natuergebiet de [[Boskplaat]]. Nei it westen leit it doarp [[Hoarne]].
 
== Histoarje ==
Aasterein wie it wenplak fan de aadlike famylje [[Popma]], dy't tusken 1330 en 1523 de funksje fan [[hearskip]] of [[grytman]] oer Skylge ferfolde. [[Folkert Popma]] beneamde himsels yn [[1389]] yn dy funksje. Syn opfolger, [[Ziwaert Popma]] waard lykwols as grytman beneamd troch [[Albrecht fan Beieren]]. Fan it wenplak fan de famylje Popma is no noch mar ''Stinswier'' oer, in lytse heuvel yn de greide oan de súdkant fan it doarp.
Aasterein hat gjin tsjerke, mar hie yn de Midsieuwen in lytse kapel, stifte yn [[1330]] troch [[Sjoerd Popma]].
 
== Grië ==
Oan de eastkant fan Aasterein leit it bûtendykske kultuerlân de ''Grië''. Parten fan de gerslânperselen lizze mids elzesingel. Oare stikken greide wurde lykwols inkeldris troch seewetter oerspield en hawwe in sâltminnende fegetaasje. Op de Grië lizze fjouwer [[einekoai]]en, de ''Takkekoai'', de ''Jan Willemskoai'', de ''Horrekoai'' en de ''Rimkeskoai''. De Takkekoai is oanlein yn de [[17e ieu]], de oare trije yn de [[19e ieu]]. De fjouwer koaien binne apart bedike, om skea troch seewetter foar te kommen. Oarspronklik wienen de koaien allinnich oan de noardside mei bosk beplante. It suden fan de koai bleau ûnbeplante om einen fan it Waad te lokjen. Yn de koaien waard eartiids benammen [[Smjunt]], [[Pylksturt]] en [[Piiptsjilling]] fongen. Tsjintwurdich is allinnich de Rimkeskooi noch yn bedriuw.
 
Line 23 ⟶ 24:
 
{{Koördinaten|53_24_17_N_5_22_50_E_type:city_zoom:16_region:NL|53° 24' NB, 5° 23' EL}}
 
[[Kategory:Skylge]]