Alarik II: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bg:Аларих II
red
Rigel 10:
Yn [[486]] wegere Alarik de Romeinske kening [[Syagrius]] asyl te jaan, doe't dizze hearsker fan in gebiet om [[Soissons]] hinne, troch Klovis ferslein waard. Hy kaam hjirmei temjitte oan it fersyk fan de Frankyske kening om útlevering.
 
Alarik wie in freedsum man en besocht it ferdrach dat syn heit mei de [[Frankyske ryk|Franken]] sletten hie te hanthavenjen, mar [[Klovis I]], dy't it Goatyske grûnbesit yn [[Galje]] yn hannen hawwe woe, fûn it Arianisme in reden om kriich te fieren. In gearkomst mei syn skoanheit [[Diderik de Grutte |Diderik]], kening fan de [[Ostrogoaten]] wie om'e nocht. Nei jierrenlange kriich mei wikseljend ferrin waarden de Fisigoaten úteinlik yn [[507]] ferslein yn de [[Slach fan Fouillé]] tichtby [[Poitiers]]. Neffens de oerlevering soe Alarik dy't op de flecht slein wie, waardnei de ferlern fjildslach, finzen nommen wurde en troch Klovis selseigenhannich deamakke.
 
Syn echte soan [[Amalarik]] wie noch in bern, dus waard hy opfolge troch syn ûnwettige soan [[Gesalik]].