Ballum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kaartsje der by
Rigel 1:
[[Ofbyld:LocatieBallum.png|thumb|right|260px|''Lokaasje Ballum'']]
'''Ballum''' is it lytste doarp op [[it Amelân]], oan de westkant fan it eilân. De namme komt fan de persoansnamme '' Balle'' mei de útgong -'' um''. <br>
It doarp hat likernôch 310 ynwenners (2004). Yn it sintrum is in lytse brink mei beammen der om en in frijsteande toer. Dy hearde eartiids wierskynlik by de slotkapel.
 
== Skiednis==
=== De Cammingha's ===
Yn de [[15e ieu]] wennen de Cammingha's hjir, de eardere frijhearen fan it eilân. It slot fan de Cammingha's is yn [[1829]] ôfbrutsen. Sawat op it âlde stee is yn [[1975]] in nij gemeentehûs set. Ballum waard derom ek wolris kastielresidinsje neamd. Dêr is eins neat mear fan oer. De grêfstien dy't de grêfkelder eartiids ôfsleat is no de flier fan it lykhúske fan Ballum.
 
=== En fierders ===
Der moat ea noch in Jelmerastate stien hawwe.<br>
Ut de [[18e ieu]] binne noch âlde huzen mei ankerdatearringen bewarre bleaun. De pleatsen toane it boereferline fan it doarp oan. De buorren fan Ballum binne in beskerme doarpsgesicht.
De âlde byldhoude preekstoel yn de herfoarme tsjerke is it besjen wurdich.
 
== Fleanfjild ==
Foar needgefallen is by Ballum in lyts fleanfjild oanlein. Soks kin nedich wêze by tichtfriezen fan de [[Waadsee]], by ûngelokken of urginte opname yn in sikehûs. In SAR-helikopter is dan in útkomst.
By't simmer kinne ek rûnflechten makke wurde, of oan sweeffleanen en parasprongen dien wurde. It útstapke meitsje nei [[Tessel]] of it Dútske Waadeilân [[Borkum]] kin ek.
Line 26 ⟶ 27:
*[[2004]] - 370
 
== Strjitten ==
't Hofje, 't Skottepad, Baron Rengerswei, Bûnte Piten Paad, Camminghastrjitte, D Klipwei, De Stringen, Ericafjild, Ferbiningswei, G Kosterwei, Helmhoeke, [[Hollum]]erwei, Jelmerawei, Kemphaansdún, Kiekendiefsplek, Klaproaswei, Loowei, Meeuwenveld, Nesserwei, P Miedewei, Reewei, Smittewei, Strânwei, Suder Griewei, Swanneblomskant, Velduilhoek, Wester Griewei, Wikkewâl.
 
Line 32 ⟶ 33:
* [[Fryske doarpen]].
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.ameland.org/ Webstee fan It Amelân]