Haarsnip: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 6 sep 2009 om 19.13

De haarsnip (Lymnocryptes minimus) is in fûgel út de famylje fan snipeftigen (Scolopacidae).

Haarsnip

Dizze lytste snipeftige fan Nederlân hat in lingte fan 18 - 20 sm. Fergelike mei it waarlamke hat er in lytse snaffel, mar folle dikker. Hjirmei is er ek dúdlik te ûnderskieden yn de flecht. Oer syn rêch rinne fjouwer, brede ljochtstreken dy't soargje foar in skutkleur at er him tsjin de grûn parset. By it waarlamke rint de streek troch oer de krún, by de haarsnip net mear.

De haarsnip is in skouwe fûgel dy't him benammen yn it skimertsjuster en de nacht sjen lit. Oerdei is er allinnich war te nimmen as hy opjage wurdt út syn ferskûlplak. Oars as syn kollega snip it waarlamke fleant er leech oer de grûn op 'e siik nei in nij skûlplak in pear meter fierderop. Hy ferskûlet him faak neist de wetterouwer fan streamen en rivieren.

Yn Fryslân en Nederlân binne haarsnippen allinnich by't winter, krektas yn de rest fan West- en Súd-Europa. De fûgels briede yn it noarden fan Ruslân en Skandinaavje.

Keppeling om utens