Philippe Pétain: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JAnDbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: eu:Philippe Pétain
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bs:Philippe Pétain; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ofbyldOfbyld:Hw petain 01.png|thumb|Philippe Pétain]]
'''Henri Philippe (Philippe) Pétain''', mar mear ferneamd as ''Maarskalk Pétain'' ([[Cauchy-à-la-Tour]], [[24 april]] [[1856]] - [[Port-Joinville]], [[23 july]] [[1951]]) wie in Frânske soldaat en steatshaad tidens it [[Vichy-rezjym]]
 
Rigel 7:
By it útbrekken fan de [[Earste Wrâldkriich]] soe Pétain krekt ophâlde yn it leger. Mar fanwege de kriich waard hy promovearre ta brigadegeneraal en die er mei oan de oanfal yn [[Artois]]. Yn [[1916]] beneamde oerbefelhawwer [[Joseph Joffre]] him ta kommandant fan de Frânske soldaten by [[Ferdun]]. Pétain reorganisearre de befoarrieding fan it front en wie by steat de oanfal fan de Dútsers te kearen ([[Slach by Ferdun]]). Hjirtroch waard er sjoen as oerwinner fan Ferdun.
 
Nei it offinsyf fan generaal [[Robert Nivelle]] wat útrûn op in grutte mislearring yn it foarjier fan [[1917]] woenen de Frânske soldaten net langer fjochtsje en gongen yn staking. Komplete ienheden woenen net mear fjochtsje en yn guon gefallen moast der sels artilleryfjoer ôfsjitten wurde op de stakers. Generaal Nivelle waard ûntslein en Pétain mocht him opfolgje. Hy gie nei de legerienheden en spruts mei de soldaten. Hy stie bekend as in generaal mei in hert foar de gewoane man. Hy wist it tij te kearen. Hy sette bettere ferlofregelingen op en it Frânske leger waard allinnich noch ynsetten foar definsive operaasjes. Dizze oerwinning wurdt wol Pétains morele Ferdun neamd. Pétain spile ek in wichtige rol by de ûntwikkeling fan bettere Frânske tanks: de [[FT-17]] en de [[Char 2C]]; fan de FT-17 miende hy dat se wichtich wienen foar it moreel yn lettere offensiven.
 
Twa wiken nei de wapenstilstân waard Pétain befoardere ta [[Maarskalk]].
 
== Yn ûngenede ==
Yn [[1940]], doe’t hy al 84 jier âld wie stimde hy yn mei in beneaming ta steatshaad fan it [[Vichy-rezjym]] dat hast hielendal ûnder kontrôle stie fan [[Dútslân]]. Pétain blykte in [[antisemyt]] te wêzen. Under syn bewâld begûn de [[Holocaust|joadeferfolging]]. Nei de lanning yn [[Normandje]] waarden Pétain en de oare leden fan it Vichy-rezjym troch de Dútsers twongen nei [[Sigmaringen]] yn Dútslân te ferhúzjen. Koart dêrnei stapte hy del. Yn april 1945 kaam hy werom nei Frankryk, dêr waard hy arrestearre en beskuldige fan heechferrie. Hy waard skuldich befûn en ta de dea feroardiele. Mar fanwege syn hege leeftyd en fan syn fertsjinsten yn de Earste Wrâldkriich waard it fûnnis troch [[Charles de Gaulle]] omsetten ta in libbenslange finzenisstraf.
 
Rigel 23:
[[ar:فيليب بيتان]]
[[bg:Филип Петен]]
[[bs:Philippe Pétain]]
[[ca:Henri Philippe Pétain]]
[[cs:Philippe Pétain]]