Willem Freark fan Nassau-Dietz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
lit.
→‎Biografy: ferw. oanp.
Rigel 4:
 
==Biografy==
Willem Freark wie in soan fan [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz]] en [[Sophia Hedwich fan Brunswyk-Wolfenbüttel]]. Hy studearre yn Leien en Grins en naam dêrnei tsjinst yn it leger fan [[Freark Hindrik fan Oranje]]. Yn 1640 nimt hy diel oan de striid om [[Hulst (Nederlân)|Hulst]], dêr't syn broer Hindrik Kasimir I omkomt. Dêrnei ûntstjit der in skeel mei Freark Hindrik fan Oranje wa de opfolger fan Hindrik Kasimier wurde sil. Uteinlik wurdt Willem Freark allinnich steedhâlder fan Fryslân. Tsjin de tiid dat Willem Freark steedhâlder wurden is, wie de [[Tachtichjierrige Oarloch]] sawat foarby. En nei it ferstjerren fan Freark Hindrik soe hy dochs noch steedhâlder oer Grinslân en Drinte wurde. Yn 1664 wurdt hy troch de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] oan it haad fan in lyts ekspedysjeleger steld dat de Munsterske biskop [[Bernhard fanvon Galen]] ferjeie moast. Mei súkses slagget hy dêryn, mar koart dêrnei stjert hy nei in ûngelok mei in pistoal.
 
Willem Freark is ek bekend troch syn deiboeken dy't weromfûn binne. Hy skreau hjiryn op in iepenhertige wize oer saken as sykte, lust, dranksucht, berou en skuld.