Wei nei Oerisel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Swol
Aliter (oerlis | bydragen)
L Nes (Boarnsterhim)
Rigel 1:
De '''wei nei Oerisel''' wie in trochgeande strjitwei fan [[Ljouwerd]] nei [[Oerisel]].
 
De strjitwei begûn in Ljouwerd bûten de eartiidske [[Wirdummerpoarte]], en rûn fan dêr nei it súden, oer [[Barrahús]], [[Wytgaard]] en [[Reduzum]] nei [[Jirnsum]]. Dan súdeastlik oer [[Aldskou]] nei [[Akkrum]], en fierder oer [[Nes (Boarnsterhim)|Nes]], [[Haskerdyken]], [[Nijebrêge]] en [[Nijehaske]] nei [[It Hearrenfean]]. Fan dêr gong de strjitwei fierder oer [[Aldskoat]], in slinger nei [[Aldeholtwâlde]] en dan rjocht nei it súden nei [[Nijeholtwâlde]] en [[Wolvegea]]. Fan Wolvegea rûn de wei dan wer wat südeastlik fia [[Blesbrêge]], [[De Blesse]] en [[Willemsoard]] de provinsje út nei [[Steenwyk]], en rûn dan fierder yn fremde parten oant de wei úteinlik yn [[Swol]] útkaam.
 
Hast alle parten fan de wei binne ek hjoed-de-dei noch brûkber, mar wylst in part no snelwei wurden is, is it oar part just ûntlêstge troch in snelwei dy't der nêst leit.