Klovis I: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: tr:I. Clovis; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:CLOVISRoydeFrance.JPG|thumb|right|260px|Klovis op in munt]]
'''Klovis''' of ''Klodovech I'' ([[465]], [[Doarnik]] - [[511]], [[Parys]]) wie kening fan de [[Franken]] dy't alle fersprate Frankyske stammen tegearre brocht ûnder ien keningskip en it eardere [[Romeinske ryk|Romeinske]] [[Galje]] yn syn macht krige. Hy wie de âldste soan fan [[Gilderik I]], in stamhaad fan de [[Salyske Franken]] en nei alle gedachten in generaal ûnder de de West-Romeinske keizer [[Majorianus]] en de legeroanfierder [[Aegidius]].
 
== Oermastering fan Galje ==
=== Syagrius ===
As 16-jierrige [[481]] folge Klovis syn heit op as kening fan de Salyske Franken yn [[Doarnik]]. Oan it begjin fan syn bewâld hied er mar de beskikking oer in lyts machtsgebiet mar lyts en wie hieltyd yn kriich mei oare, diels oan him besibbe ''hartoggen'', haadlingen fan oanbuorjende Salyske stammen. Bekend binne [[Gararik]] en [[Ragnagar]], dy't yn [[Kamerijk]] harren machtsbasis hienen. Klovis slagge der yn de omringjende Saaljers oan him te binen en kearde him doe tsjin it [[Gallo-Romeinske ryk]]. Yn [[486]] en fersloech er [[Syagrius]] by [[Slach by Soissons|Soissons]]. Hjirtroch wreide er syn machtsgebiet út oant de [[Loire]].
[[Ofbyld:Bateme de Clovis par St Remy.jpg|right|175px|thumb|Klovis wurdt doopt.]]
 
=== De Allemannen ===
Oanmoedige troch syn súkses befocht hy syn bûnsmaten, de [[Allemannen]]. Yn alle ferovere gebieten liet er de hiele manlike line oan hearskers útroegje, om de ûnbetwiste hearskippij te krijen. Yn [[496]] bekearde er him ta it [[Kristendom]]. Nei alle gedachten wie dat út suver eigenbelang, om't de tjerke sa syn bretale opkommen gewurde litte soe. De Allemannen lûken dat jier fan harren thúsbasis [[Worms (stêd)|Worms]] út nei de [[Ryn]] en bedrigen de kening fan [[Keulen]], fan de [[Ripuaryske Franken]]. De Keulske kening [[Sigebert]] rôp de help yn fan de Salyske Franken en Klovis gong op paad mei in leger fan Doornik, oer de hearbaan [[Bavay]] - [[Tongeren]] - Keulen. Dêr't de hearbanen Bavay - Keulen en [[Straatsbuorch]] - Keulen by inoar kamen, kaam it tichtby [[Slach by Tolbiak|Tolbiak]], no [[Zülpich]], ta in treffen. Neffens de oerlevering bidde Klovis ta de kristlike God fan syn frou [[Klotilde]]. De Franken wûnen de slach en fersloegen dêrmei de Allemannen foargoed.
 
=== De Fisigoaten ===
Yn [[500]] fersloech Klovis de [[Boergonden]] en yn [[507]] de Fisigoatyske kening [[Alarik II]], yn de [[Slach fan Fouillé]]. Dêrmei kaam hiel [[Galje]] yn syn macht. Klovis kringe fierder troch oan [[Bordeaux]] oan ta. Hy berikke lykwols nea de [[Middellânske See]]; [[Septimaanje]] bleau yn Goatyske hannen. Syn status waard fierder fergrutte trochdat hy fan keizer [[Anastasius I fan Byzantium|Anastasius]], dy´t Klovis as bûnsmaat oan harren bine woe yn de striid tsjin de [[Ostrogoaten]], in diadeem en mantel krige, wat him yn de eagen fan syn Gallo-Romeinske ûnderdanen dochs wol wat legitimiteit joech.
 
== Kening fan alle Franken ==
Nei syn oermastering fan it Gallo-Romeinske Ryk sette Klovis alle Salyske hearskers oan 'e kant, ek dyjingen dy't him stipe hienen tsjin Syagrius, ûnder oaren [[Gararik]]. Ek syn sibben Ragnagar, [[Rikgar]] en [[Rignomer]] skode er oan 'e kant. Dêrnei luts er op tsjin de Ripuaryske Franken. Lang om let foel yn [[510]] ek it lêste ûnôfhinklike Ripuaryske foarstenhûs yn hannen, dat fan [[Keulen]], neidat er troch yntriges in opstân ûntketene, wêryn't de âlde kening troch syn eigen soan fermoarde waard.
 
Rigel 53:
[[lb:Clovis I. vu Frankräich]]
[[lt:Chlodvigas]]
[[no:Klodvig I]]
[[nl:Clovis I]]
[[no:Klodvig I]]
[[oc:Clodovèu I]]
[[pl:Chlodwig I]]
Rigel 66:
[[sv:Klodvig I]]
[[th:โคลวิสที่ 1]]
[[tr:I. Clovis]]
[[uk:Хлодвіг]]
[[vi:Clovis I]]