Ferskil tusken ferzjes fan "Skouting"

9 bytes grutter ,  11 jier lyn
red
L (+ als)
(red)
[[Image:Scout logo2.svg|thumb|Ynternasjonale''It ynternasjonale Skouting teken'']]
 
'''Skouting''' of ek wol '''Paadfinerij''', '''Ferkennerij''' (Ingelsk: Scouting) is begûn mei in kamp op [[Brownsea Island]] yn [[Grut-Brittanje]] opset troch [[Robert Baden-Powell]] mei 21 jonges en is útgroeid ta de grutste jongereinferiening fan de wrâld. Hjoed de dei hat de wrâldorganisaasje 28 miljoen leden, lieding en kaderleden.
 
 
== Skiednis ==
[[Image:Baden-Powell ggbain-39190 (cropped).png|thumb|200px|Baden-Powell]]
Baden-Powell (B-P) wie in Generaal yn it Ingelske leger en focht foar syn heitelân yn dielen fan koloniaal Afrika en Yndia. Hy koe syn rekruten goed trene en sa kaam it idee fan in lieder fan in foarrinner fan Skouting dat Baden-Powell wol in boek skriuwe koe foar jonges, mei as doel om net goeie soldaten, mar goeie boargers foar de maatskippij te wurden. Baden-Powell seach hjir wol wat yn en hy betocht dat as hy in kamp hâlde soe mei jonges út it hiele lân út ferskate leefmiljeus dat er dan goed sjen koe wat der by de jongerein libbe om in goeie hantlieding te skriuwen foar in goed boargerskip. En sa barde it, yn 1907 gie er mei 21 jonges nei Brownsea Island om it ‘spul fan Ferkennen’ út te probearjen. It slagge.
 
Fierders kamen der allerhanne groepen by, lykas wetter-Skouts, loft-Skouts, en sa fierder.
 
== Ynfloeden ==
Skouting hat in oantal gewoantes oernaam út it leger troch har eftergrûn. It hat lykwols nea de bedoeling west om in jongereinleger op te setten. Gewoanten dy’t oernaam binne, binne bygelyks: unifoarmen (sadat eltsenien, mei hokker eftergrûn ek, lyk oan mekoar is), it iepenjen mei in flagge en it saluearjen.
 
Mar Baden-Powell seach goed om him hinne om Skouting foar eltsenien (oantreklik) te meitsjen. Foar de jongere jonges betocht hy de Welpen dy’t nei it Jungle Book ferhaal fan Rudyard Kipling yn de Rimboe mei Akela de wolf, Baloo de bear, Bagheera de panter, Kaa de slange en oare bisten spannende tiden belibben. De lieding fan ‘Welpen Hordes’ binne ferneamd nei dizze bisten.
 
== Ynstellings ==
De skoutingorganisaasje stiet foar eigen ûntwikkeling fan bern en jongerein mei begelieding fan folwoeksenen. By Skouting binne bern altyd aktyf dwaande en foaral bûten. Der binne ferskate tema’s, oanpast op de leeftyd.
 
Skouting jout wille, útdaging en struktuer. Bern en jongerein kinne der in soad yn kwyt, mar ek kinne sy der in soad úthelje. It makket bern en jongerein maatskiplik belutsen, bringt respekt, gearwurkjen en selsstandich wurkjen by.
 
== Sjoch ek ==
*[[Skouting yn Fryslân]]
*[[Skouting Regio Fryslân]]
56.977

bewurkings