Dam Jaarsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st.
No edit summary
Rigel 1:
'''Adam Aukes Jaarsma''' (''Dam''), ([[Eastermar]], [[29 july]] [[1914]] - ?[[1991]]) wie in predikant en skriuwer. Nei in teologyske studzje yn [[Grins (stêd)|Grins]] waard er helppreker en foargonger by de Frijsinnich Herfoarmde tsjerke. Hy wie folklorist en samler fan [[folkskeunst]] en redakteur fan 'It Heitelân' (1955). Hy skreau Fryske gedichten (û.o. oersettings út it [[Dútsk]] en [[Ingelsk]]). Fierders 'It skriuwboerd' (1956), bernelektuer, en toanielstikken mei J. van der Meulen sa as 'Rinte' (1953) en 'Fremer' (1954) en samle yn opdracht fan it (lettere) Meertens Ynstitút sa'n 15.000 folksferhalen, fral út [[De Wâlden]]. Op dit mêd wurdt er yn ien sike wei neamd mei [[Ype Poortinga]].
 
Dam Jaarsma komt ek foar yn de romansyklus ''Het Bureau'' fan de Nederlânske skriuwer [[J. Voskuil]] as J.J. Damsma.