Anty-Revolúsjonêre Partij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
doetiid
Rigel 1:
De '''Anti Revolúsjonêre Partij''' is as rjochting om [[1830]] ûntstien ûnder lieding fan [[Guillaume Groen van Prinster]]. 'Anti-revolúsjonêr' ferwiist nei it fersmiten fan de begjinsels fan de [[Frânske Revolúsje]].
Yn [[1878]] waard it ta partij organisearre troch [[Abraham Kuyper]] en wie it de earste politike partij fan Nederlân. As begjinselprogram waard "Ons Program" skreaun. Yn Fryslân bestie grutte sympaty foar de antirevolúsjonêre begjinsels by de rjochtsinnige protestanten. De earste AR-kiesferiening waard yn [[1852]] oprjochte yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Troch de [[Doleânsje]] ûntstie ferwidering. Foar de AR-partij oer kaam de [[Kristlik Histoaryske Partij|CHU]] te stean, oprjochte troch herfoarme predikanten. Sûnttiids binnewiene de AR en de grifformearden hast identyk.
 
By de ferkiezings fan [[1956]] helle de AR yn Fryslân 22% fan de stimmen (yn Nederlân hast 10%). Yn de Steaten binnewiene doe 12 fan de 50 sitten troch antirevolúsjonêren beset. De AR-Partij iswie it sterkst yn de Dongeradielen, [[Dokkum]], [[Dantumadiel]] en [[Kollumerlân]].
 
It Provinsjaal Bestjoer bestietbestie út 185 leden (út elke kiesferiening ien ôffurdige). It Deistich Bestjoer wurdtwaard foarme troch 10 leden. In AR Propaganda Kommisje soargetsoarge foar lektuer, films, kursussen en sprekbeurten (22 leden). De froulju hawwehiene in AR Froulju Aksje (allinnich yn Fryslân) en de jongerein iswie yn de (lanlike) ARJOS organisearre. It oantal leden yn Fryslân iswie 12.938 (1956). De partij hathie in provinsjaal buro mei in besoldige siktaris.
 
De AR is letter opgien yn it [[Kristlik Demokratysk Appèl|CDA]].