Cajuns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st/red
Rigel 3:
It gebiet dêr't sy wenje wurdt de "Cajun Triangle" neamd en rint rûchwei tusken New Orleans, Lake Charles en Alexandria.
 
== Skiednis ==
Akaadje wie eartiids in Frânske koloanje yn Kanada, yn de tsjintwurdige provinsje [[Nij Brunswyk]] en [[Nova Scotia]]. De befolking wie [[Frânsk|Frânstalich]]. Yn [[1713]] waard it Ingelsk en nei in tiidrek fan ûnderlinge spannings waard yn [[1755]] meastepart fan de Frânske befolking troch de Ingelsken ferdreaun. Sy kamen yn de sompen ([[bayous]]) fan Louisiana terjochte, dat doe noch fan de Frânsken wie. De Amerikanen, dy't it gebiet yn [[1803]] fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] kochten, neamden harren "Acadians". Sûnder de "A" en op útsprutsen op syn Amerikaansk is dy beneaming geandewei ferbastere ta "Kajun", de tsjintwurdige namme foar de befolking, it gebiet en harren keuken.
 
== Taal ==
De taal fan de Kajun-befolking, Kajun-Frânsk oftewol 'patois', wurdt yn distiid noch mar troch in lyts part fan de befolking sprutsen, fral troch de âlderein yn de deistige omgong. Sûnt de sechstiger jierren fan de foarige ieu is der wol fernijde belangstelling foar de taal en wurde der in protte kulturele aktiviteiten dien yn de taal, faak opset op inisjatyf fan de steat Louisiana. Lykwols rint it oantal Frânsksprekkende hurd tebek.
 
== Muzyk ==
De Kajun beskikke oer in hiel eigen muzykstyl, dy't bekend stiet as de [[Kajunmuzyk]]. Dizze muzyk foarmmuzykfoarm is om 1900 ûntstien troch in mingeling fan âlde Frânske folksmuzyk en de muzyk fan oare ymmigranten lykas û.o. Dútsers en ek de perkussionistyskeperkusjonistyske ritmyk fan de [[KreolenKreoalen]] yn Lousiana. De diatoanyske akkordeon (treksaklûkharmoanika mei tsien knoppen) spilet in wichtige rol, begeliedebegelaat troch [[fioolfioele]] en [[triangel]] ('tit fer ofwelofwol: lyts izer). Meastentiids wurdt mei hege stem derby sjongensjongd yn it [[Kajun-Frânsk]].
 
[[Kategory:Folk yn de Feriene Steaten]]