Willem Cornelis de Groot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Ofbylding fan de Juliana fleugel fan it Sint-Anthony Gasthûs
Rigel 4:
W.C. de Groot waard op 6 oktober 1853 berne yn Hollum op It Amelân. Yn 1866 ferliet hy it âldershûs om it timmermansfak te learen yn [[Zaandam]]. Nei in ferbliuw fan fiif jier yn Zaandam fêstiget hy him yn 1871 as timmerman yn Ljouwert. As ienige soan fan de famylje hoecht De Groot net yn militêre tsjinst, wêrtroch't hy de mooglikheid hat om fierder te learen. Hy komt yn tsjinst by boukundige Jacob Izaaks Douma. Neidat hy by Douma praktykûnderfining opdien hat mei hy him yn 1877 boukundige neame. Yn datselde jier boasket De Groot mei de Nederlânsk-herfoarme kleanmakkersdochter Hindrikje (Rika) van der Kam.
 
[[Ofbyld:Leeuwarden - Nieuw Sint-Anthony Gasthuis.jpg|thumb|Juliana-fleugel fan it Sint Anthony Gasthûs (1910)]]
Yn 1881 makket W.C. de Groot yn opdracht fan it [[Sint Anthony Gasthûs (Ljouwert)|Sint Anthony Gasthûs]] syn ierst bekende wurk, nammentlik de 'eastlike' [[stjelp]] oan [[Lytse Geast]] 23. Dêrnei folgje grutte en lytse projekten inoar hurd op, lykas it Diakonessehûs (1904), it [[Gabbema-gasthûs]] (1906), de Juliana-fleugel fan it Sint Anthony Gasthûs (1910) en folkswenningboukompleksen as de Ald-Yndyske buert (1908), de Saskiabuert (1909) en de Hollanderwyk (1914). De Groot hat jierrenlang hûsarjitekt west by it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert (1887-1930) en it [[Poptaslot|Popta Gasthûs]] yn [[Marsum]] (1893-1910). Fierders ferfolt hy ferskate njonkenfunksjes dy't te krijen hawwe mei syn berop as arsjitekt. Sa is De Groot fan 1894-1919 sekretaris en foarsitter fan de Friesche Bourûnte en bestjoerslid en/of boukundich adviseur fan de Kristlike HBS, it [[Ritske Boelema Gasthûs]], it [[Diakonessehûs (Ljouwert)|Diakonessehûs]] en Wenningferiening Ljouwert. Ek is hy mar leafst 50 jier lang ûnderhâldsarsjitekt fan de Nederlânsk-herfoarme gemeente.