Loadewyk de Fromme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: vls:Lodewyk den Vroomn
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Louis Ier le Pieux ou le Débonnaire.jpg|right|250px|Loadewyk de Fromme]]
'''Loadewyk I de Fromme''' ([[Chasseneuil-du-Poitou|Chasseneuil]] by [[Poitiers]], [[april]], [[juny]] of [[Augustus (mounn)|augustus]] [[778]] - [[Ingelheim am Rhein]], [[20 juny]] [[840]]) wie in [[Franken|Frankyske]] kening. Hy folgde syn heit [[Karel de Grutte]] op as kening nei syn dea yn [[814]] en regearde fan [[814]] oant syn dea yn [[840]]. [[Paus Stefanus V]] kroande him yn [[816]] as [[keizer]] fan it Westen.
 
It wie Lodewyk syn stribjen om de neilittenskip fan syn heit fêst te hâlden, dat die er yn earste plak mei it trochfieren fan leauwensherfoarmingen. Mar hy regele de eigen opfolging tige min, en syn regear waard kenmerke troch fernederingen en mislearringen.
 
== Skiednis ==
Doe’t syn heit yn Noard-[[Spanje]] op fjildtocht wie, befoel syn mem fan in twilling op [[11 april]] (mar it kin ek yn july of augustus [[778]] west hawwe) yn de Palts fan Chasseneuil by Poitiers. Nei it thúskommen fan Karel waarden sy doopt mei de nammen Loadewyk en Lothare. De Karolingyske keningsnammen Karel, Karloman en Pepyn wienen al ferjûn oan Karel syn oare soannen. Fan dizze twilling stoar de lytse Lothar al gau yn [[779]], wylst Loadewyk sûn bleaun.
 
Rigel 14:
De earste faze fan syn regear waard kenmerke troch yntinsive wetjouwing op wrâldsk en tsjerklik mêd. Wylst syn heit it Frankyske ryk útwreide hie, besocht Loadewyk de grutte fan it ryk fêst te hâlden en it yn stevich fûnemint te jaan. Yn dit opsicht fierde hy in strange herfoarming troch fan it kleasterlibben. Soks waard troch de geastlikheid posityf ûntfongen en soe der ta liede dat de keizer en klerus ek yn de takomst wichtige kwestjes mei inoar regelen. Yn dizze tiid is ek de gedachte ûntstien fan de ienheid fan it Ryk ûnder it [[kristendom]]. It wie benammen troch Loadewyk syn goede relaasje mei de tsjerke en syn tige kristlike libbensoertsjûging en libben dat hy nei de dea de bynamme fan 'de Fromme'' krige. Yn [[816]] waard Loadewyk troch paus [[Paus Stephanus IV (V)|Stefanus IV]] as keizer kroand.
 
Tegearre mei de klerus besocht Lodewyk yn july [[817]] middels de [[Ordinatio Imperii]] (''Ordening fan it Ryk'') de kristlike ienheid op syn grûngebiet ek foar te takomst te behâlden. Dizze oardering hâlde yn dat de aldste soan [[Lotharius I|Lothar]] as mei-keizer kroand waard en dat hy nei it ferstjerren fan Loadewyk de keizerstitel krije soe. De beide oare soannen Pepyn en Loadewyk de Dútser krigen allinnich de keninklike waardichheid en in dielkeninkryk - efter mekoar [[Akwitaanje]] en [[Beieren]] - tawiisd, wylst Lothar as kening fan it [[Midden-Frânsje|Middenryk]] en keizer de absolute oerhearskippij oer syn broers besitte soe. De ryksoardering fan [[817]] wie dêrmei in modern polityk ûntwerp foar de oplossing fan in eksplosyf probleem, wêr't de kimen foar takomstige konflikten lykwols al ynboud wienen.
 
== Krisis ==
It kaam al gauris ta in útbarsting. Nei de dea fan syn earste frou Ermengarde troude Lodewyk de Fromme yn [[818]] foar de twadde kear, diskear mei de Beierske Judith. Op oantrunen fan syn ambisjeuze frou skonk hy yn [[829]] op de [[Ryksdei]] fan [[Worms]] syn jongste soan Karel de [[Elzas]], it [[hartochdom Zwaben|Zwaben]] en [[Boergonje]] .
 
Dat wienen lykswols de kearnlannen fan it Frankyske Ryk en Lothar de âldste soan, koe syn ûntefredenens hjiroer net ferberge. As gefolch hjirfan bruts der yn [[830]] in oanhâldende machtstriid út tusken Loadewyk mei syn trije âldste soannen, en tagelyk ek tusken de bruorren ûnderling.
 
Lang om let seach it der nei út, dat it ta in beslissend treffen komme soe yn de simmer fan [[833]], doe’t de legers fan de keizer en dy't fan de trije bruorren by [[Kolmar]] (Elzas), tsjin inoar kamen te stean. Dat it net ta in fjildslach komme soe, kaam om't in soad fan Loadewyk syn soldaten nei de fijan oerrûn. Dat foarfal soe de skiednis yngean as ''it Lügenfeld''.
 
== Ein ==
De triomfearjende bruorren setten doe harren heit finzen en leinen him inkele fernederjende betingsten op. Yn [[Reims]] waard hy symboalysk fan de kerkdrompel band en moast er yn it iepenbier in skuldbekentnis ôflizze.
 
[[kategoryKategory:kening fan de Franken]]
 
[[als:Ludwig der Fromme]]
Rigel 55:
[[lb:Louis de Frommen]]
[[mr:लुइस पहिला द पायस]]
[[no:Ludvig I av Det tysk-romerske rike]]
[[nl:Lodewijk de Vrome]]
[[no:Ludvig I av Det tysk-romerske rike]]
[[pl:Ludwik I Pobożny]]
[[pt:Luís I, o Piedoso]]
Rigel 65:
[[sr:Луј I Побожни]]
[[sv:Ludvig den fromme]]
[[th:สมเด็จพระจักรพรรดิลุดวิกที่ 1 แห่งโรมันอันศักดิ์สิทธิ์]]
[[tr:Dindar Ludwig]]
[[vls:Lodewyk den Vroomn]]