Alemannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eu:Alamaniar
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mk:Алемани; tekstwiziging
Rigel 2:
Sy wennen oarspronklik tusken de [[Ryn]] en de [[Donau]], yn it hjoeddeiske Zwaben. Fan dêrút ûndernamen sy fan [[212]] ôf geregeld plondertochten op [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] gebiet.
 
== Skiednis ==
=== Ynfallen yn it Romeinske Ryk ===
[[Ofbyld:Alemanni expansion.png|right|thumb|300px|Wenplakken en ekspânsje fan de Alemannen]]
In part fan de Sueben waard troch [[Langobarden]], [[Boergonden]] e.o. nei it westen ta krongen en yn [[213]] ûnder it regear fan keizer [[Karakalla]], foar de earste kear sjoen yn [[Galje]]. Sy krigen doe de namme ''Allemannen''. Dizzen oefenen druk út op de Romeinske [[limes]], mar waarden troch Karakalla syn leger ta stean brocht. Nei in oare mislearre trochbraak yn [[233]]-234 slagge it harren yn [[259]]-260 werom te kommen yn it Romeinske Ryk. Diskear wie de politike gaos yn it [[Romeinske Ryk]] sadanich dat dit fiergeande ynfallen fan de Allemannen útlokke. Diskear fûnen der ynfallen plak nei Galje en fan [[268]] ôf ek nei [[Itaalje]] ta. Ferskate keizers besochten hjir tsjinyn te gean mei wikseljend súkses. Yn dizze perioade gong ek in part fan de limes foargoed ferlern en de Allemannen koenen harren festigje yn it gebiet efter de limes tusken de [[Ryn]], [[Main]] en [[Neckar]], de saneamde [[Agri Decumates]]. Ein [[3e ieu]] waard dizze tastân konsolidearre: Romeinske tsjinoanfallen bleaunen út en de line fan de Boppe-Ryn waard as nije grins fan it ryk mei forten fersterke.
 
=== Bûnsmaat en fijân fan de Romeinen ===
Rigel 14:
Yn 406-407 koenen de Allemannen, doe't de [[Ryn]]-[[Donau]]-[[limes]] troch ferskate swierrichheden yn it Romeinske Ryk net langer beskerme wurden koe troch it grinsleger, suver ûnbehindere East-[[Galje]] besette. De Romeinen besochten om'e nocht troch it sluten fan nije bûnsmaatskippen it ferlies oan grûngebiet te beheinen. Yn de [[5e ieu]] bleaunen de Allemannen wenjen yn Súd-[[Dútslân]], [[Switserlân]] en de Elzas.
 
Op de ein fan de 5e ieu hienen de Allemannen harren feriene ûnder lieding fan ien kening. Dizze besocht fet te krijen op de omkriten fan [[Keulen]], wêr't doe de [[Ripuaryske Franken]] wennen en foel yn [[496]] harren oan. De Ripuaryske kening [[Sigebert]] koe it allinnich net oan en rop de help yn fan [[Klovis]], de kening fan de [[Salyske Franken]], om de ynfallers te kearen. It kaam ta in fjildslach by [[Slach by Tolbiak|Zülpen]]. De feriene legers fan de Franken brochten dêr de Allemannen nei in wikseljend kriichsferrin in ferneatigjende nederlaach ta. De Allemannen sloegen op de flecht en de Franken lutsen plonderjend it ryk fan de Allemannen yn. Yn [[506]] foel Klovis as lieder fan in Frankysk leger it gebiet fan de Allemannen yn en fersloech harren opnij. De [[Ostrogoaten|Ostrogoatyske]] buorren ûnder lieding fan kening [[Diderik de Grutte]] skeaten de Allemannen diskear te help. De Franken besetten doe it noardlik part fan it Allemaanske ryk. Harren ryk bleau lykwols net lang mear bestean. Yn [[536]] waard it hielendal beset troch de Franken en ûnder Frankysk gesach pleatst. Der wie in ein kaam oan de selsstannigens fan de Allemannen. Under Frankysk gesach bleau der wol in satellytsteatsje [[Allemaanje]] bestean.
 
== Oer ==
Yn it [[Frânsk]] wurdt Dútslân oantsjutte mei de beneaming ''Allemagne'', yn it [[Spaansk]] mei ''Alemania''.
 
[[kategoryKategory: Germaansk folk]]
 
[[af:Alemanne]]
Rigel 46:
[[la:Alamanni]]
[[lt:Alemanai]]
[[mk:Алемани]]
[[ms:Alamanni]]
[[no:Alamannerne]]
[[nds-nl:Allemannen (volk)]]
[[nl:Alemannen]]
[[nn:Alemannarar]]
[[no:Alamannerne]]
[[pl:Alamanowie]]
[[pt:Alamanos]]