Friesland Post: ferskil tusken ferzjes

gjin bewurkingsgearfetting
(webstee FP)
No edit summary
'''Friesland Post''' is magazinein tiidskrift oer [[Fryslân]] en de Friezen. It is yn [[1974]] opsetten troch advertinsjeferkeaper [[Geart Kuperus]] fan [[Snits (stêd)|Snits]]. It moanneblêd wie de opfolger fan [[DIF]] ( Dit Is Friesland ) dat nei in achttal nûmers stoppe wie. Mei in tal eardere meiwurkers fan DIF en ûnder lieding fan skriuwer [[Pieter Terpstra]] sette Friesland Post út ein. Fan begjin ôf oan wiene ek [[Hanna Ludwich]], [[Harrie Ernst]] en [[Johan Witteveen]] fêste meiwurkers.
 
Begjjin tachtiger jierren ferkocht Geart Kuperus it blêd oan [[Agropers]] yn [[Drachten]]. Letter gie it oer nei de [[Friese Pers]] mei útjouwer [[Robert Wielenga]] en haadredacteur [[Sytze van der Wal]] en ferhuze de redaksje fan Drachten nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Yn de njoggentiger jierren waard it blêd oerdien oan [[Migg]] en útjouwer [[Ids Kuindersma]] en kaam Friesland Post werom yn Snits. Doe't Kuindersma ein [[2007]] krekt foar it 30-jierrich bestean fan FP stoppe, gie it blêd oer nei útjouwer [[Simon van der Let]] en haadredakteur [[Frans van Egmond]].
7.155

bewurkings