Peter Lely: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ferw.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 1:
[[Ofbyld:Peter Lely.jpg|thumb|''Sir Peter Lely'']]
[[Ofbyld:Charles I and young James II.jpg|thumb|200px|''Peter Lely. ''Portret fan [[Karel I vanfan EngelandIngelân]] en syn soan, [[Jacobus II fan Ingelân|Jacobus, hartoch fan York]]. 1647. Londen, Syon House.'']]
Sir '''Peter Lely''' ([[Soest (Dútslân)]], [[14 septimber]] [[1618]] – [[Londen]], [[30 novimber]] [[1680]]) wie in [[Ingelân|Ingelske]] keunstskilder fan [[Nederlân]]sk komôf. Hy wie de populêrste portretskilder yn Ingelân fan ± 1640 oant syn dea. Hy wie ek keunstsamler en besiet fral in protte tekeningen fan oare keunstners.
 
== Libben en wurk ==
Lely waard berne as Pieter van der Faes út Nederlânske âlden yn Soest, [[Westfalen]]. Syn heit wie in militêr-amtner yn tsjinst fan de karfoarst fan [[Brandenboarch]]. Lely studearre skilderkeunst yn [[Haarlim]], mooglik mei [[Pieter de Grebber]] as learmaster. Hy waard master-skilder fan it Sint-Lucasgilde yn Haarlim yn 1637. Hy wie bekend ûnder de efternamme "Lely" (ek wol stavere as Lilly) fanwegen in leelje op de gevel fan it hûs d6erdêr't syn heit yn [[Den Haach]] berne wie. Lely komt yn Londen oan om 1641 hinne. Hy waard úteinlik ''freeman'' fan it skildersgilde yn 1647 en wie portretskilder oan it hof fan kening [[Karel I fan Ingelân|Karel I]].
 
Nei de eksekúsje fan Karel hat er syn karriêre dochs fuortsette kind, en skildere er [[Oliver Cromwell]], ("mei warten en al") en ek [[Richard Cromwell]]. De dichter Sir [[Richard Lovelace]] skreaskreau yn dy peroade twa gedichten oer Lely, ''Peinture'' en ''See what a clouded majesty....''
 
NeNei de restauraasje fan it keningshûs waard Lely yn [[1661]] troch [[Karel II fan IngelâIngelân|Karel II]] beneamd ta hofskilder mei in talage fan £200 yn't jier. Lely waard in naturalisearre Ingelsk ûnderdaan yn 1662.
 
Lely en syn studio wiene tige produktyf. Bekend is de rige fan 10 portretten fan dames fan it keninklik hof, dy't as de "Beauties of Windsor" bekend steansteane, en in searje fan 12 admiraals en kapteins dy't yn de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch]] fjochten, en dy't no bekend binne as de "Flagmen of Lowestoft".
 
Lely spile in wichtige rol by de yntroduksje fan de [[mezzotint]] yn Grut-Brittanje, mei trochdat er kâns seach om syn portretten by in grut publyk bekend te krijen. Hy moedige Nederlânske 'mezzoartysten' oan om syn wurk te kopierenkopiearen en stie dêrmei oan de widze fan de Ingelske mezzotinttradysje.
 
Yn dy tiid waard er ek de Londense agint fan de Amsterdamske keunsthanneler [[Gerrit van Uylenburgh]]en wie er samler fan âlde masters, sa as [[Paolo Veronese]], [[Titiaan]], [[Claude Lorrain]] en [[Peter Paul Rubens|Rubens]] en hie er in enoarm grutte samling tekeningen, dy't nei syn dea ferparte en ferkocht waard en de ymmenskemânske som fan £26,000 opsmiet.
 
Lely waard yn 1680 yn de adelstân ferheft. Rilke gau stoar er foan syn (skilders)ezel yn [[Covent Garden (Londen)|Covent Garden]], by it skilderjen fan it portret fan de hartoginne fan Somerset. Hy waard begroeven yn St Paul’s Church yn Covent Garden.
 
== Galery ==
<gallery>
File:Henry Stone by Sir Peter Lely.jpg|''Portret fan Sir Henry Stone, c. 1648''
File:Barbara Palmer (née Villiers), Duchess of Cleveland by Sir Peter Lely.jpg|''Barbara Palmer (berne Villiers), Hartoginne fan Cleveland, c. 1666''
File:Abraham Cowley by Sir Peter Lely.jpg|''Abraham Cowley, c. 1665-66''
File:James Harrington by Sir Peter Lely.jpg|''[[James Harrington (skriuwer)|James Harrington]] c. 1658''
File:Sir Peter Lely 002.jpg|''Twa dames fan de famylje Lake, 1650.''
File:Lelyvanda.jpg|''In wapenheraut fan de Garter Procession, 1660-1670''
</gallery>